Beda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L →‎Wurken: [[]]
Rigel 8:
 
==Wurken==
Syn bekendste wurk is ''[[Historia ecclesiastica gentis Anglorum]]'' (''Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk''), dêr't Beda de (tsjerke)skiednis fan it [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] folk yn beskriuwt fan de tiid fan [[Caesar]] oantenmei it jier [[731]]. Dat wurk is fan grut belang foar ús kennis oer it politike en deistige libben út syn tiid. Ek foar ús Fryske skiednis foarmet it in boarne. Troch him witte wy dat [[Aldgillis]] in kening wie en net ûnderhearrich oan it [[Frankyske ryk]]. Foar Fryslân is Beda ek fan belang troch syn skriuwen yn de Historia ecclesiastica Anglorum as er yn diel 1,15 skriuwt oer de Angelsaksyske ynvaazje en [[Hengist en Horsa]].
 
Fierders hat hy twa hânboeken opsteld foar de tiidrekkening yn de Tsjerke: it ''Liber de temporibus'' en ''De temporum ratione''. Dizze wurken oer [[kronology]] hie grut gesach yn de [[Midsieuwen]]. Fan grut skiedkundich belang is syn wurk oer de peaskesyklus, oan de hân hjirfan koene alle takomstige Juliaanske datums fan [[Peaskesnein]] fêstlein wurde. Beda skreau ek in natuerwittenskiplik wurk: ''De natura rerum'' (''Oer de natoer fan de dingen''). Wat opfalt yn dit boek is dat Beda skreau dat de ierde rûn wie as 'in spylbal' en net as 'in skyld'. Fierders skreau er foar syn learlingen ferhannelings oer de [[spraaklear]]. Oar skiedkundich wurk binne biografyen fan de [[abt]]en fan de kleasters fan Wearmouth en Jarrow, en oer it libben van Sint [[Cuthbert]] fan [[Lindisfarne]].