Wannseekonferinsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: tr:Wannsee Konferansı; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Villa Wannsee.jpg|thumb|right|300px|Filla Wannsee]]
'''Wannseekonferinsje''' is de algemiene beneaming foar de op [[20 jannewaris]] [[1942]] yn de [[Dútslân|Dútse]] [[Filla Wannsee]] – wat leit yn it súdwesten fan [[Berlyn]] by de mar mei deselde namme Wannsee lei – hâlden konferinsje oer de yn [[nazi]]-terminology brûkte namme foar "Die [[Endlösung]]der Judenfrage" ('de oplossing fan it [[Joaden|Joadske]] probleem').
 
== Doel fan de konferinsje ==
De earste doelstelling fan de nazi’s wie de Joaden derfan te oertsjûgjen dat sy net yn Nazi-Dútslân thús hearden. Dit dúdlik meitsjen moast barre troch yntimidaasje, diskriminaasje en útsluting. It libben fan de Joaden soe sa soer wurde makke dat se frijwillich emigrearje soenen. Joaden dy’t yn Dútslân bleaunen moasten opsluten wurde yn konsintraasjekampen en yn getto’s, wêrûnder it berjochte getto fan Warschau dat nei de ynfal fan [[Poalen]] yn 1939 yn gebrûk kaam. Nei de Dútske ynfal yn de [[Sowjetuny]] kamen grutte stikken fan dat lân yn hannen fan de Dútsers. Yn dizze gebieten wienen in protte Joadske minsken dy’t troch de nazi’s op transport nei [[konsintraasjekamp|konsintraasjekampen]]en setten waarden. De konsintraasjekampen koenen in grut oantal finzenen, (joaden, [[sigeuner|sigeuners]]s, homoseksuelen, [[jehovatsjûgen]] en saneamde “minderen”), net mear oan. In oantal hege Dútse amtners en [[SS]]’ ers wêrûnder [[Reinhard Heydrich]], krige de opdracht op it Joadske fraachstik foar iens en foar altyd op te lossen.
 
== De konferinsje ==
Op [[20 jannewaris]] [[1942]] kamen 15 hege amtners gear om te praten oer de oplossing fan it Joadske fraachstik (''[[Endlösung]] der Judenfrage''). Dit wienen:
* [[Reinhard Heydrich]] ([[Reichssicherheitshauptamt|RSHA]], [[Sicherheitsdienst|SD]], [[Sicherheitspolizei]]) (1904-1942)
* [[Adolf Eichmann]] (SD, [[Sicherheitspolizei]]) (1906-1962)
Rigel 29:
De [[Villa Wannsee]] is no in museum.
 
== Bibliografy ==
* {{Aut|Mark Roseman}}, ''De villa, het meer, de conferentie: Wannsee, 20 jannewaris 1942'', 2002, 187 p., [[Balans (uitgeverij)|Balans]] - Amsterdam, ISBN 90-5018-571-1
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.ghwk.de/nederlands/nederlandsstart.htm] (Hjir binne ek de notulen te sjen)
 
[[Kategory:Holocaust]]
Rigel 68:
[[sr:Ванзејска конференција]]
[[sv:Wannseekonferensen]]
[[tr:Wannsee Konferansı]]
[[zh:萬湖會議]]