Keninkryk Wesseks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Wesseks bestie fanôf de [[6e ieu]] oant it ûnteanûntstean fan de Ingelske steat yn de [[9e ieu]]. Neffens it histoaryske wurk fan namme, de [[Angel-Saksyske Kronyk]] (ASK), waard Wesseks stichte troch de keningen [[Cerdic]] en syn soan [[Cynric]], hoewol't it bewiis hjirfoar ûnbrektûntbrekt.<br>
 
"495. ''Der kamen twa ealmannen nei Brittanje, Cerdic en Cynric syn soan, mei fiif skippen, nei in plak mei de namme Cerdicesora, deselde deis fjochten hja tsjin de Welsken''."
Rigel 17:
It keninskip yn Wesseks wie net suver erflik. De sterkste gadingmakker út foaroansteande famyljes waard keazen of namm sels de macht oer. De ynterne striid dy't dat fan gefolgen hie, sil it keninkryk bytiden ferswakke hawwe. Faaks wie der somtiden gjin wiere kening omdat der gjin ûnderkening útkypte.
 
Nei de dea fan kening [[Offa]] fan Mercia kaam Wesseks op de foargrûn, earst ûnder [[Egbert fan Wesseks|Egbert]] (802-839), dy't troch [[Northumbria]] en [[Mercia]] erkend waard as [[Bretwalda]] (hearsker fan hiel Brittanje), dêrnei ûnder syn soan [[Ethelbald fan Wesseks|Ethelbald]] (839-859). Under it regear dan de lêste boazeboazen de oanfallen fan de Wytsingen oan en doe't [[Alfred de Grutte]] (870-899) op de troan kaam, hienen de Noarmannen of Denen hiel [[East Anglia]] en de eastlike Midlands beset. Troch it winnen fan de slach by Edington yn [[878]] wist Alfred de ûnôfhinklikens fan Wesseks te hanthavenjen en yn 886 sluet er in ferdrach mei de Deenske kening [[Guthrum]] dêr't in part fan Ingelân by ôfstien waard oan de Skandinayske ynfallers, letter waard dat gebiet de [[Danelaw]] neamd.
 
De name Wesseks kaam fannijs ta libben yn de romans fan de [[19e ieu]]ske skriuwer en dichter [[Thomas Hardy]], mar libbet ek hjoedendeihjoeddeis fierder yn de nammen fan tal ferienings, skoallen en ynstellingen.
 
== Keningen fan Wesseks ==