Ab urbe condita: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 1:
'''Ab Urbe Condita''' (ôfkoarte; AUC) betsjut yn it [[Latyn]]sk; ''yn it jier fan it stiftsjen fan de stêd ([[Rome]])''. Dizze kalinder begjint yn [[753 f. Kr.]], want neffens de boarnen is dat it jier dat de stêd Rome stifte is. [[Ofbyld:Antoninianus Philip the Arab - Seculum Novum.jpg|thumb|Munt as oantinken oan de ''Saeculum Novum'']] It fieren fan de stiftingsdei fan de stêd wie yn it earstoan om propaganda. Keizer [[Klaudius I|Klaudius]] wie de earste dy't yn it jier [[47]] de kalinder brûkte, oare keizers soenen dat letter ek dwaan.
 
Yn [[248]] fierde [[Filippus I Arabs]] it earste [[millenium]] fan Rome, tegearre mei de [[Ludi saeculares]] foar it (saneamde) tsiende [[saeculum]] fan Rome. De munten dy't ûnder syn bewâld slein binne binne in oantinken oan dy feestlikens. [[Pacatianus]], dy't it foarsjoen op de ymperiële troan, liet ek in munt slaan dêr't dúdlik op stiet "jier tûzen en ien", dat jout mooglik oan dat it foar de ynwenners fan it ryk krekt fielde as wie it in nije jiertelling, in ''Saeculum Novum''.