Keninkryk Wesseks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw wat stavering en ôfkoartings oanpast.
Rigel 1:
[[File:British kingdoms c 800.svg|thumb|Keninkriken yn Brittanje ±800]]
'''Wesseks''' wie ien fan de sân Angelsaksyske keninkriken (ek bekend as de [[heptargy]]) dy't foarôf gienen oan it feriene keninkryk [[Ingelân]]. It lei yn it suden en súdwesten fan it lân. De namme is ûntliend oan de ynwenners, de West-Saksen. It waard in saneamd ''earldom'' (de Ingelske tsjinhinger fan in greefskip) nei [[Knud de Grutte]] syn feroveringstochtenbemasteringstochten yn 1016, en fan 1020 oant 1066. Nei de Normandyske ynfaazjeynvaazje fan [[1066]] ferdwûnen de Ingelske ''earldoms'' en waard Wesseks ferdieldferparte ûnder de neifolgers fan [[Willem de Oermasterder]].
 
== Skiednis ==
Wesseks bestie fanôffan de [[6e ieu]] ôf oant it ûntstean fan de Ingelske steat yn de [[9e ieu]]. Neffens it histoaryske wurk fan namme, de [[Angel-Saksyske Kronyk]] (ASK), waard Wesseks stichte troch de keningen [[Cerdic]] en syn soan [[Cynric]], hoewol't it bewiis hjirfoardêrfoar ûntbrekt.<br>
 
"495. ''Der kamen twa ealmannen nei Brittanje, Cerdic en Cynric syn soan, mei fiif skippen, nei in plak mei de namme Cerdicesora, deselde deis fjochten hja tsjin de Welsken''."
 
It histoaryske Wesseks begjint mei [[Ceawlin]] (560-591?), neffens de tradysje de soan fan Cynric. Syn machtsbasis lei yn de westlike Teemsdelling, mei [[Dorchester-on-Thames|Dorchester]] yn [[Oxfordshire]] as haadplak. Hy wreide it ryk nei alle kanten út, benammen nei it westen ta. Hy jildt as de twadde [[Bretwalda]] (opperkeninghege kening).
 
Letter waard it ryk ek nei it suden ([[Hampshire]] en [[Wight]]) en súdwesten ([[Dorset]] en [[Somerset]], letter [[Devon]]) útwreide. Tagelyk waard it noardlik part fan it gebiet lykwols ynnaam troch it keninkryk [[Mercia]]. Dêrom waard [[Winchester]] yn it suden in nij bestjoerssintrum.
Rigel 13:
De namme Wesseks waard doe oars noch net brûkt. Earst nei it regear fan [[Ine]] (± 700) waard sprutsen oer de 'West Saksen', en noch wer letter waard it gebiet as Wesseks oantsjut. Earder hjitte it ''[[Gewisse]]'' of ''[[Gewissae]]''. Dizze benamming waard wol ferbûn mei de mytologyske 'Gewis', de pake fan Cerdic, mar it is nei alle gedachten earder in âld Saksysk wurd dat 'bûnsgenoaten' betsjut.
De lettere útwreiding fan Wesseks mei it [[Devon]] en [[Cornwall]] fan no, die de macht fan de keningen tanimmen. Dit foarkaamkaam ek foar dat Ingelân út it suden wei troch de [[Wytsingen]] ferovere wurde koe. Ien fan de meast wichtigewichtichste West-Saksyske delsettingen wie [[Winchester]], dat yn 871 troch [[Alfred de Grute]] haadstêd makke waard.
 
It keninskip yn Wesseks wie net suver erflik. De sterkste gadingmakker út foaroansteande famyljes waard keazen of nammnaam sels de macht oer. De ynterne striid dy't dat fan gefolgen hie, sil it keninkryk bytiden ferswakke hawwe. Faaks wie der somtiden gjin wiere kening omdat der gjin ûnderkening útkypte.
 
Nei de dea fan kening [[Offa]] fan Mercia, kaam Wesseks op de foargrûn, earst ûnder [[Egbert fan Wesseks|Egbert]] (802-839), dy't troch [[Northumbria]] en [[Mercia]] erkend waard as [[Bretwalda]] (hearsker fan hiel Brittanje), dêrnei ûnder syn soan [[Ethelbald fan Wesseks|Ethelbald]] (839-859). Under it regear danfan de lêsteEthelbald boazen de oanfallen fan de Wytsingen oan en doe't [[Alfred de Grutte]] (870-899) op de troan kaam, hienen de Noarmannen of Denen hiel [[East Anglia]] en de eastlike Midlands beset. Troch it winnen fan de slach by Edington yn [[878]] wist Alfred de ûnôfhinklikens fan Wesseks te hanthavenjen. en ynYn 886 sluet er in ferdrach mei de Deenske kening [[Guthrum]] dêr't in part fan Ingelân by ôfstien waard oan de Skandinayske ynfallers, letter waard dat gebiet de [[Danelaw]] neamd.
 
De name Wesseks kaam fannijs ta libben yn de romans fan de [[19e ieu]]ske skriuwer en dichter [[Thomas Hardy]], mar libbet ek hjoeddeis fierder yn de nammen fan tal ferienings, skoallen en ynstellingen.
 
== Keningen fan Wesseks ==
De list is de tradisjonele list fan keningen fan Wesseks, mei feiten sa't de keningslisten fan Wesseks dy jouwe. De [[Angelsaksyske Kronyk]] jout oare feiten: (Cerdic [[519]]-[[534]], Cynric 534-[[560]], Ceawlin 560-[[591]]). DizzeDy datums binne faaks mei opset sin betider mei as doel:
* Om it feit dat Ceawlin foar [[Ethelbert fan Kent]] [[bretwalda]] wie oerienstimme te litten mei, sa't men tocht, mar wierskynlik net klopjende, datearring fan it begjin fan Ethelreds regear op ± 560.
* Om it keningshûs fan Wesseks in gruttere âldens en sa mear status te jaan.
Rigel 79:
 
<gallery>
Ofbyld:Cherdik - John Speed.JPG|''Cerdic, sa't [[John Speed]] him foarstelde yn 1611''
Ofbyld:Kengils - John Speed.JPG|''Cynegils troch John Speed (1611)''
Ofbyld:Egbert.jpg|''Egbert''
Ofbyld:Athelwulf.jpg|''Ethelwulf''
</gallery>
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.zyworld.com/wessexsociety/caseforwessex.htm De Wessex Society] {{ennoat|Ingelsk}}
* [http://www.ogdoad.force9.co.uk/alfred/alfhidage.htm The Burghal Hidage] {{ennoat|Ingelsk}}
* [http://www.st-andrews.ac.uk/~bp10/wessex/index.shtml Thomas Hardy's Wessex] Undersyksside fan Dr. Birgit Plietzsch {{ennoat|Ingelsk}}
* The History Files: [http://www.historyfiles.co.uk/KingListsBritain/EnglandWessex.htm Keningen fan de West Saksen] {{ennoat|Ingelsk}}
 
[[Kategory:Angelsaksen]]