Ljouwert (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
hoihoihoi
Hoo man (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "91.194.9.91" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Mysha".
Rigel 1:
[[Ofbyld:leeuwardenoldehove.JPG|thumb|200px|[[Aldehou]]]]
ewa
'''Ljouwert''' ([[Nederlânsk]]: ''Leeuwarden'') is de [[haadstêd]] fan [[Fryslân]] en ek it haadplak fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]]. De stêd hat 93.601 ynwenners (1 jannewaris 2009).
mensen
 
weetjuhhh
Ljouwert is ûntstien út trije terpen op de râne fan de [[Middelsee]], te witten de terpen [[Aldehou (doarp)|Aldehou]], [[Nijehou]] en [[Hoek (Ljouwert)|Hoek]].
ik ben cool
 
jij niet zo
==Skiednis==
en ik woonIN LWD JWZ
{{Apart|Skiednis fan Ljouwert}}
en
[[Ofbyld:Blaeu 1652 - Leeuwarden.jpg|thumb|left|250px|Historyske kaart fan Ljouwert]]
julie zijn allemaal sukkeltjes die op wikipedia kijken
===Untstean===
want
De skiednis fan Ljouwert giet werom oant de Romeinske tiid. Doe wennen der al minsken op it plak dêr't no de Aldehou stiet. Ljouwert is ûntstien op terpen dy't opsmiten waarden oan in ynham fan de [[Middelsee]] dy't letter tichtslike en ynpoldere waard. De rivierkes Ie, Fliet en [[Potmarge]] mûnen by dizze terpen út yn see. De terpbewenners bestienen fa lânbou, fiskerij en skipfeart. Ljouwert lei geunstig oan see en ûnderhold hannelskontakten mei oare hannelsplakken lykas [[Lübeck]] en mei de Eastseelannen. Op de terpen ûntstiene trije delsettings: [[Aldehou (doarp)|Aldehou]], [[Nijehou]] en [[Hoek (Ljouwert)|Hoek]].
het is allemaal bewerkt
 
xD
Aldehou, dat fanâlds in [[úthôf (kleaster)|úthôf]] fan it kleaster [[Corvey]] yn Dútslân wie, hie yn it midden fan de [[12e ieu]] al in tsjerke, wijd oan de hillige [[Fitus]]. Yn akten út de [[14e ieu]] komt de Sint-Vitustsjerke fan Aldehou foar ûnder de namme ''Liiewardensis''. Yn [[1285]] stie Ljouwert al as stêd te boek yn in Dútske hannelsakte.
en
 
meneer hoef is geniaalll
Tusken [[1200]] en [[1300]] sliket de Middelsee dicht en waard de hannel minder fanwege it ûntbrekken fan in haven. De measte handel waard doe ferlein nei de omlizzende regio. Yn [[1392]] stiene de omlizzende [[gritenij]]en de magistraat fan de stêd hege rjochtspraak ta.
'''''Bold text''en ik ben vet cool'''
 
===Stedsrjocht===
Yn jannewaris [[1435]] waarden Aldehou, Nijehou en Hoek gearfoege ta ien stêd, Ljouwert, dy 't yn datselde jier [[stedsrjochten]] krige.
[[Ofbyld:Synagoge Ljouwert 2.JPG|thumb|''Eardere synagoge oan de Sakramintstrjitte'']]
De [[15e ieu]] waard behearske troch de striid tusken [[Skieringers en Fetkeapers]]. Ynit algemien stienen de stêden en it plattelân efter de [[Skieringers]]. Ljouwert wie it bolwurk fan de [[Fetkeapers]]. De partijstriid late ta de bou fan nije ferdigeningswurken. It yntern ferdielde Fryslân waard om 1500 ûnderwurpen troch [[Albrecht III fan Saksen|Albrecht fan Saksen]].
 
Nei de ûnderwerping troch Albrecht fan Saksen waard Ljouwert de setel fan it [[Hof fan Fryslân]] dat him dwaande hâlde mei bestjoer en rjochtspraak. Dit kolleezje krige yn 1571 in eigen ûnderkommen, de Kânselarij. Yn deselde tiid waard yn Ljouwert ek it tsjerklik gesach fêstige. De Sint-Fitustsjerke waard de setel fan de [[dekanaat|deken]] en de wichtichste tsjerke fan Fryslân. Alle lânshearen en steedhâlders waarden yn dizze tsjerke ynhuldige. Yn 1559 waard Ljouwert ta biskopssetel ferheft fan it nij oprjochte bisdom Ljouwert. [[Cunerus Petri]], de ienige [[biskop]], belanne by de kalvinistyske machtsoername koarte tiid yn it gefang en ferliet Fryslân dêrnei definityf. De [[Sint-Fitustsjerke (Ljouwert)|Sint-Fitustsjerke]] waard yn de jierren 1595 en 1596 wegens fiergeande boufallichheid ôfbrutsen.
 
De [[16e ieu|16e]] en [[17e ieu]] foarmen in gouden tiid foar Ljouwert. Ljouwert krige oansjen trochdat it de residinsje waard fan de Fryske Nassau's dy't [[steedhâlder]] waarden fan de noardlike provinsjes. Yn dizze ieuwen kaam de stêd ta grutte bloei. It oantal ynwenners gie omheech fan 5.000 om it jier [[1500]] oant 16.000 yn [[1650]].
 
Ljouwert hearde doe by de tsien oansjenlikste stêden fan Nederlân. Dêrfan tsjûgje no noch prachtige gebouwen as de Kânselarij (wêr't rjocht sprutsen waard), it Steedhâlderlik Hof, de [[Waach (Ljouwert)|Waach]] (as sintrum fan de hannel), en de skeane toer de [[Aldehou (toer)|Aldehou]].
 
===Stedsgrêften===
It wolfarrende Ljouwert moast wol beskerme wurde tsjin fijannen. Dêrom waard om de stêd in grêft groeven waard der in wâl opsmiten. Dizze ferdigeningswurken binne letter, doe't se oerstallich waarden ôfbrutsen of ta plantsoen makke. De grêften yn de binnenstêd binne op dy fan de Nijstêd, Foarstreek, De Tunen, de Weaze en it noardlike diel fan it Schavernek nei allegear dimpt. De grêften dy't dimpt binne betreffe û.o. dy fan Iewâl, Twibaksmerk, Nijebuorren, Grutte Tsjerkestrjitte, en De Alde Hearegracht (saailân). Yn de [[19e ieu]] ûntstienen de earste wiken bûten de stedsgrêft.
 
Yn de 19e ieu waarden de ferbinings fan de stêd ferbettere. Yn [[1827]] begûn it ryk mei de oanlis fan strjitwegen fan Ljouwert nei [[Oerisel]] en nei [[Grins (stêd)|Grins]], [[Harns (stêd)|Harns]], [[Snits (stêd)|Snits]] en [[De Lemmer]]. Boppedat waarden de âlde trekfearten útdjippe en ferbettere. Yn [[1863]] ûntstie de spoarferbining tusken [[Spoar fan Harns nei Ljouwert|Ljouwert en Harns]]. Koart dêrnei kamen de spoaren nei [[Spoar fan Swol nei Ljouwert|Swol]], [[Spoar fan Ljouwert nei Grins|Grins]] en [[Spoar fan Ljouwert nei Starum|Snits]] ta stân.
 
Yn [[1944]] waard in diel fan de gemeente [[Ljouwerteradiel]] anneksearre, wêrtroch't Ljouwert der 15.000 ynwenners by krige.
 
== Binnenstêd ==
Ljouwert hat in monumintale [[binnenstêd]] mei in pear hûndert histoaryske wenhûzen, tsjerken en oerheidsgebouwen fan de lette midsieuwen oant de [[19e ieu]] ieu. Wichtichste monuminten binne de [[Aldehou]], de [[Kânselarij]], de [[Jakobinertsjerke]] en de [[Bonifatiustsjerke]].
 
De [[Prinsetún]] is in [[park]] oan de noardkant fan de binnenstêd fan Louwert.
===Susterstêd===
Yn 1990 gie de gemeente in stedebân oan mei de Russyske stêd [[Orjol]]. Neidat Orjol minder florissant foar ljocht kaam en it nut fan de bân yn twifel lutsen waard en te djoer fûn waard, hat de gemeente yn 2002 de bân mei har susterstêd ferbrutsen.
 
Yn de perioade fan de stedebân hat der ûnder mear in útwikseling west fan kuorbalteams, hawwe Ljouwerters de Russyske stêd besocht en is der in Russyske temawike organisearre wêryn it Fersetsmuseum fan Ljouwert de eksposysje mei as titel ‘Orjol 1941-1943, byld fan in Russyske stêd yn oarlochstiid’ tentoanstelde.
== Rjocht en bestjoer ==
[[Ofbyld:Gerechtshof in leeuwarden.jpg|thumb|right|185px|Gerjochtshof fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]]]
 
===Rjocht===
Twa rjochtsgebouwen stean der yn Ljouwert: in [[gerjochtshof]] en in rjochtbank. It gerjochtshof stiet oan de kopse kant fan it Wilhelminaplein. It saneamde Ressort Ljouwert omfet de arrondisseminten Ljouwert, Assen en Grins. De rjochtbank sit yn in nij gebou fan arsjitekt [[Abe Bonnema]] dat oan de langsside fan it Wilhelminaplein stiet. Hjiryn sitte it kanton- en de arrondissemintsrjochtbank.
 
===Stedsbestjoer===
[[Ofbyld:Stadhuis Leeuwarden.jpg|thumb|185px|[[Stedhûs fan Ljouwert]]]]
De boargemasterspost is op't heden fakant. B&W, de gemeenterie en harren meiwurkers hawwe harren wurkplak yn it [[stedhûs fan Ljouwert]]. Oant [[1993]] sieten alle gemeentlike tsjinsten yn it stedhûs en bygebouwen. Ein [[1980-1989|jierren tachtich]] kaam der fanwege romtegebrek in nij stedskantoar oan it Aldehoustertsjerkhôf wêr't in grut kompleks foar wike moast. It monumintale Burmaniahûs bleau wol oerein maar waard ynsletten troch de nijbou. Yn [[1993]] waard it stedskantoar yn gebrûk nommen.
 
Elke [[Ljouwert (stêd)#Wonen|wyk]] hat oer in wykwethâlder en in stedsdielbehearder.
 
(Sjoch foar polityk Ljouwert by [[Ljouwert (gemeente)]])
==Wenjen==
===Wykyndieling===
De stêd is ûnderferdield yn wiken dy't wer ûnderferdield binne yn 58 buerten.
{|
|-
| width="50%" valign="top" |
* [[Ljouwert-Binnenstêd|Binnenstêd]]
* [[Fokseparkwyk]] of [[Westerparkwyk]]
* Komponistenwyk
* [[Transfaalwyk]]
* [[Fûgelbuert (Ljouwert)|Fûgelbuert]]
* [[Flietsône: Molepaad/Welgelegen/Seehelden- en]] [[Yndyske buert]]
* [[Achter de Hoven]]
* [[Huzum]]
* [[Westein (Ljouwert)|Westein]]
* [[Faleriuskertier]]
* [[Bilgaard]]
* [[Suderbuorren]]
* [[De Súdlannen]]
| width="50%" valign="top" |
 
* [[Frijheidswyk]]
* [[Heechterp-Skieringen]]
* [[Camminghabuorren]]
* [[Wielenpôle]]
* [[Skipsbuert]]
* [[Aldlân]]
* [[Nijlân (Ljouwert)|Nijlân]]
* [[Oranjewyk (Ljouwert)|Oranjewyk]]
* [[Oldegalileën/Blommebuert]]
* [[Tsjerk Hiddes/Cambuursterhoek]]
* [[Havankpark]]
* [[Blitseard]]
</ol>
|}
 
=== Stedsfernijing ===
De binnenstad is diels autolij makke troch in trochgeande wei te foarsjen fan beweechbere peallen wêrby't allinnich bussen der troch kinne. Fierders is der ferskerpe tasicht mei it each op de feilichheid yn de binnenstêd. In oantal âlde stedswiken mei in soad kriminaliteit en leechstân binne renovearre. De folgjende trije wiken binne fernijd: de Vegelinbuert, de Frijheidswyk en Skieringen-Heechterp.
 
* De [[Vegelinbuert]] is in âlde arbeidersbuert, in wyk mei in soad ferslaafden en kriminaliteit. Der wiene in soad húskemelkers. It grutste diel fan de buert is saneard wêrnei't der nije huzen boud binne foar húshâldings.
 
* De [[Frijheidswyk]] hat in soad heechbou út de [[1960-1969|jierren sechstich]]. In oantal flats is sloopt, hjirfoar komme appartemintekompleksen en iengesinswenten yn 't plak. In wichtige reden om foar sloop te kiezen wie om ilegale bewenning in halt ta te roppen. Ek yn dizze wyk wie in soad kriminaliteit. Anno 2007 wenje der in soad studinten.
 
* De wyk [[Skieringen-Heechterp]] komt oerien mei de Frijheidswyk kwa boujier en soart bebouwing. Der wie in soad kriminaliteit, inkele flats binne sloopt t.b.v. iengesinswenten mei grutte tunen. Hjir wenje ek in soad studinten en jongerein. Der binne ek nije appartemintekompleksen boud.
 
* Binnestêd:
[[Ofbyld:Amicitia.jpg|thumb|175px|''Amicitia, it flatgebou stiet yn kontrast mei de leechbou yn de binnestêd'']]
** It sân ferdjippings tellende gebou Amicitia, wurdt restyled ta in futuristysk eagjend gebou. It leit op in prominint plak yn de binnestêd fan Ljouwert. It ûntwerop foarsjocht yn it werûntwikkeljen en it restylen fan it kantoargebou nei apparteminten op de ferdjippingen en it hanthaven fan winkelromte op de begeane grûn. Oant [[1968]] hat op dizze lokaasje in byldbepalend hotel stien, neamd 'Amicitia'. Yn 1969 waard der, kenmerkend foar dy tiid, gewoan in flatgebou foar yn't plak setten. It plan foar dizze lokaasje is yn ûntwikkeling.
** Sûnt 2007 is de sintrumring diels ienrjochtingsferkear. Ek is it stedssintrum fierder autolij makke mei busslûzen.
 
* [[Suderplantaazje]] leit oan de súdrâne fan Ljouwert. Tichtby [[Huzum-Doarp]] en it Drachtsterplein wurde 49 iengesinswenten ûntwikkele. Fierders komme der 107 apparteminten dy't bestean út in [[Toerflat|wentoer]] mei 16 ferdjippings (45 apparteminten) en twa 7-laachske appartemintsgebouwen (elk 31 apparteminten). Der is in wenbuert mei lytsere strjitten komd dy't oanslút by de lytsskealigens en ferskaat fan it besteande doarp [[Huzum]].
 
==Ekonomy en wurk==
Ljouwert hat ûngefear 55.000 arbeidsplakken. It grutste gedielte hjirfan nimme ûndersteande organisaasjes foar harren rekken:
 
===Bedriuwen===
[[Ofbyld:Achmeatoren Leeuwarden.jpg|thumb|200px|[[Achmeatoer]]]]
Yn Ljouwert sitte in tal haad- en regiokantoaren fan grutte tsjinstferlienende ûndernimmings lykas [[KPN]], [[Friesland Bank]], [[Rabobank]], [[Postbank N.V.|Postbank]], [[ING Bank|ING]], [[ABN-Amro]], [[AEGON]], [[Centraal Beheer Achmea|Achmea]], in gedielte fan [[Centraal Beheer Achmea|Sintraal Behear]] en [[FBTO]]. Fierders binne der in grut suvelkonsern ([[Friesland Foods]]), twa haadkantoaren fan regionale kranten ([[Ljouwerter Krante]] en [[Frysk Deiblêd]]) mar ek in soad lytsere bedriuwen. Fan de kantoaren is de rom 114 meter hege [[Achmeatoer]] opfallend. Ek hat de stêd mei Cendris B.V. en Creative Industries twa grutte callcenters/marketingbedriuwen yn hûs.
 
=== Oerheidsynstellingen ===
Ljouwert hat fêstigings fan de [[Belestingtsjinst]], [[Douanewetgeving|douane]], it [[Ministearje fan Lânbou]], de [[Keamer fan Keaphannel]], [[Rykswatersteat]], it [[Ministearje fan Justysje (Nederlân)|Ministearje fan Justysje]] en it [[Sintraal Justisjeel Ynkasso Buro]] (CJIB) binnen har grinzen. Fierders binne der twa finzenissen - it [[Hûs fan Bewarring]] en de [[Penitinsjêre Ynrjochting]] [[De Marwei]] - en yn it noard-westen fan Ljouwert leit [[Fleanbasis Ljouwert|militêr fleanfjild]] fan de [[Keninklike Loftmacht]].
 
=== Yndustryterreinen ===
Der binne trije grutte yndustryterreinen yn Ljouwert: Ljouwert West is it âldste yndustryterrein, dit yndustryterrein wurdt anno 2007 revitalisearre. Yn de [[jierren '80]] is yndustryterrein Himrik oanlein. It nijste yndustryterrein is Newtonpark, oan de súdwestkant fan de stêd. It terrein fan [[Friesland Foods]] kin kwa grutte ek as [[yndustryterrein]] oangemerke wurde.
 
=== WTC Expo Ljouwert ===
Yn [[1963]] waard der in nije feemerkhal boud dy't De [[Fryslânhal]] hiet. Yn de rin fan de jierren kamen der hieltiten mear foarsjennings by. Nei in brân yn [[1996]], waard der in nij en grutter gebou delset. Sa ûntstie it FEC (Frisian Expo Center), tsjintwurdich [[WTC Expo]] Ljouwert neamd. It WTC Expo Ljouwert is in multyfunksjoneel gebou mei beurzen, eveneminten, in [[feemerk]]hal, in [[iishockeybaan]], kongressen en in [[Kasino (gokken)|kasino]].
 
=== Winkels ===
Ljouwert hat in grut ferskaat oan winkels, de belangrykste winkelstrjitten binne de Nijstêd, Wurdumerdyk, it Wilhelminaplein en de Foarstreek. Op it Wilhelminaplein is alle freeds in wykmerk.
 
Oan de râne fan it sintrum sit it retailpark De Sintrale, wêr't eartiids de [[P.E.B. Sintrale Ljouwert|PEB Sintrale]] (P.E.B. stiet foar Provinsjaal Elektrisiteits Bedriuw, letter opgien yn it tsjintwurdige Nuon N.V.) siet. Doe't dit bedriuw ferdwûn wie, kaam it terrein yn [[1989]] fan 7 ha. te keap. In projektûntwikkelder kocht it ferlitten fabryksterrein dat sloopt waard om plak te meitsjen foar 12.000 m² winkellokaasje. Yn [[1991]] iependen de earste winkels harren doarren.
Hjir binne ek winkels mei gruttere ferkeapoerflakken lykas [[Media Markt]]. Ek binne der inkele spesjaalsaken en in boumerk fêstige. De kommende jierren sil nochris 13.000 m² bygeboud wurde. Dêrmei komt it totale winkeloerflak op 42.000 m². De opset en de bransearring bart in nauwe gearwurking mei de gemeente.
 
=== Bedriuws- en ûndernimmersferienings ===
* Kommersjele Klub Ljouwert
* Leon
* Merkkontakt Fryslân
* Nije Garde Ljouwert
* Jong Bedriuwen Netwurk Fryslân
 
== Media ==
Foar nijsfoarsjenning binne der in Ljouwert ferskate kanalen. De twa deiblêden dy't har beide op de hiele provinsje rjochtsje binne de [[Ljouwerter Krante]] en it [[Frysk Deiblêd]]. Fierders binne der de gratis blêden lykas de Hûs oan Hûs, De Stedskrante, Liwwadders, en UIT (ek as taheaksel fan de Ljouwerter Krante). [[Omrop Fryslân]] rjchtet har mei radio, tv en ynternet benammen op de hiele provinsje en de lokale omrop Omrop Merkurius rjochtet har mei deselde middels spesifyk op de gemeente Ljouwert. Op ynternet is liwwadders.nl sterk fertsjintwurdige, krektas de sites fan de beide deiblêden en de beide omroppen. NijsTV stjoert nijsberjochten út, kombinearre mei de radio-útstjoerings fan Omrop Merkurius.
 
De Riedsgearkomsten wurde útstjoerd fia it lokale radiostasjon dat ek útstjoert fia ynternet.
 
== Keunst en kultuer ==
[[Ofbyld:Het Oude Princessehof.jpg|thumb|200px|''It âlde Prinsessehof'']]
[[Ofbyld:MercuriusFont.JPG|thumb|200px|De [[Merkuriusfontein]] mei op de eftergrûn de top fan de Achmeatoer (midden) en de futuristyske nijbou fan de [[Friesland Bank]] (links).]]
[[Ofbyld:WaagLwd.JPG|thumb|200px|[[Waach (Ljouwert)|De Waach fan Ljouwert]]]]
[[Ofbyld:Leeuwarden - Oude hoofdpostkantoor.jpg|thumb|200px|Alde haadpostkantoar]]
[[Ofbyld:Leeuwarden - Fries Museum.jpg|thumb|200px|Eardere [[kânselarij]] út 1566, no Frysk Museum]]
Ljouwert hat in grutte kulturele ynfrastruktuer wêrûnder in skouboarch, musea en lytsskealige poadia.
 
=== Belied ===
Yn 1998 ferskynde de earste gemeentlike kultuernota ûnder de titel 'Tusken de stiennen it semint' (nota 1998-2000); dizze befette in werjefte fan de oanwêzige ynfrastruktuer. Mei de opfolgjende nota 'Ut it kultureel reseptenboek' (nota 2001-2004) waarden besunigingen trochfierd. Yn de nota 'Behâlden Feart' (nota 2005-2008) waard om fierder te besunigjen de tsiissskaafmetoade as net-winsklik beskôge en waarden taken tafoege oan besteande ynstellingen en is der foar keazen om rigûreus it doek falle te litten foar Theater Romein en flink te besunigjen op de Ljouwerter bibleteken. In nije stifting is oprjochte om it eardere teater en poppoadium te realisearjen.
 
=== Foarsjennings ===
==== Konsert en teater ====
* [[WTC Expo Ljouwert]]
* [[De Harmony (Ljouwert)|De Harmony]], stêdsskouboarch
* Poppoadium Romein
* Poadium 058
* Kafee Scooter's
* Grandkafee Rembrandt
* Muzykkafee De Gloppe
* Alternatyf Rockcafé Mukkes
 
==== Film ====
* [[Sintrum foar Film yn Fryslân]]
* Filmhûs
* bioskoop Tivoly
* bioskoop Cinema
 
==== Musea ====
* [[Frysk Museum]]
* [[Pier Pander Museum]]
* [[Fersetsmuseum|Fersetsmuseum Fryslân]]
* [[It Prinsessehof|Princessehof Ljouwert]] - nasjonaal keramykmuseum, sjoch ek: [[Papingastins]]
* [[Natuermuseum Fryslân]]
* [[Tresoar]] - Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum
* [[Histoarysk Sintrum Ljouwert]]
* [[Pier Pander Museum]]
* [[Frysk Film Argyf]]
 
=== Eveneminten en festivals ===
* [[Alvestêdetocht]]. Ljouwert is start- en einpunt hjirfan.
* [[Noardlik Film Festival]]
* [[Frysk Strjittefestival]]
* [[Friesland Vaart]]
* [[Domino Day]]
* [[Ljouwert Kulinêr]]. Ytfeest organisearre troch de pleatslike serviceclub [[Lions Club|Lions]] Ljouwert '80 wêrby't de opbringst nei in goed doel giet.
* Feemerk. Dit is de grutste [[feemerk]] fan Nederlân.
* Blommemerk. Dizze grutste [[blommemerk]] fan Nederlân is altyd op [[Himelfeartsdei]].
* [[Media Art Festival]]. Jierliks festival sûnt 1997 wêrby't nije-mediakeunst fan jonge keunstners sintraal stiet.
 
Yn de stêd binne ek de ynstellings fêstige dy't foar de [[Frysk|Fryske taal]] tige fan belang binne. Dat binne benammen de [[Afûk]], de [[Fryske Akademy]] en [[Tresoar]].
 
Yn Ljouwert wurdt njonken [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] ek [[Stedsk]] sprutsen.
 
== It besjen wurdich ==
 
=== Monuminten ===
Mei 575 [[ryksmonumint]]en stiet Ljouwert yn de top-15 fan Nederlânske monumintegemeenten, tanksij in histoaryske binnenstêd en wenwiken út de lette [[19e ieu|njoggentjinde]] en ierge [[20e ieu]]. Ek hat de stêd [[beskerme stedsgesicht|beskerme stedsgesichten]] lykas de binnenstêd mei singels, it Nije Kanaalgebiet en de [[Hollanderwyk]]. Dizzen wurde beskerme omdat se in bysûndere romtlike struktuer en karakter hawwe, wêryn in ûntwikkelingsskiednis fan soms ieuwen te sjen is. De beskerming jildt foar it histoarysk groeide patroan fan [[gevel]]wanden, strjitten, pleinen, [[grêft]]en en griengebieten en de ûnderlinge ferhâlding dêrfan. Neist de ryksmonuminten binne der 375 [[byldbepalend gebou|byldbepalende panden]].
 
De [[monumint (erfgoed)|monuminten]] betreffe [[Wente|wenhuzen]], tsjerken, mûnen, pakhuzen winkel- en kantoarpanden en ek [[park]]en, in [[Midsieuwen|midsieuske]] [[waterrin]] en [[stânbyld]]en. Ek de [[kaai]]en en [[piip (brêge)|pipen]] yn de binnestad en dielen fan de âlde om[[wâl]]ling en [[grêft]]en binne monumintaal. De âldste monuminten datearje út de [[13e ieu]], wêrûnder de [[Grutte of Jakobinertskerke]] (kleastertsjerke fan de [[Dominikanen]]) mei ferneamd [[Christian Müllerorgel]] en de [[parochytsjerke]] fan [[Swichum]] (wijd oan de [[hillige]]n [[Nikolaas fan Myra|Nicolaas]] en Katarina). It jongste monumint is it Burmaniakamp út [[1940]], de [[Dútslân|Dútse]] manskippenferbliuwen tsjinoer de [[Fleanbasis Ljouwert|fleanbasis]]. Yn de tuskenlizzende [[ieu]]wen binne panden boud as de [[Kânselarij]], de [[Waach (Ljouwert)|Waach]] (beide út de [[Renêssânse]]perioade) en hearehuzen oan de Twibaksmerk, de Foarstreek en de Nijstêd. De grutste groep [[ryksmonumint]]en bestiet út ienfâldige wen- en winkelpanden.
 
Mar ek inkele argeologyskefynplakken binne beskerme as monumint fanwege in hege argeologyske ferwachting.
 
=== Alde arsjitektuer ===
* [[Kânselarij]], wêr't rjocht sprutsen waard tusken [[1571]] en [[1811]]
* [[Waach (Ljouwert)|Waach]], it âlde sintrum fan de hannel
* [[Aldehou (toer)|Aldehou]], in ûnôfbouwe skeane tsjerketoer
* [[Sint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)|Sint-Bonifatiustsjerke]], ien fan de belangrykste neogoatyske bouwurken fan Fryslân
* [[Paleis fan Justysje (Ljouwert)|Paleis fan Justysje]] ([[1852]]) oan de kop fan it [[saailân|Wilhelminaplein]]
* [[Stasjon Ljouwert]] ([[1863]])
* [[Stedhûs fan Ljouwert|Stedhûs]]
* [[Provinsjehûs (Fryslân|Provinsjehûs]]
* [[Grutte of Jakobinertsjerke]]
* [[Blokhûspoarte]]
* Stedsweeshûs ferboud ta Frysk Natuermuseum
* Westertsjerke ferboud ta teaterromte
* de Beurs ferboud ta bibleteek
 
=== Moderne arsjitektuer ===
* Postbank-gebou, arsjitekt: [[Abe Bonnema]]. De top fan it gebou wurdt sierd trroch in grut keunstwurk fan [[Marte Röling]].
* de 114 meter hege [[Achmeatoer]] ([[2001]]), arsjitekt: Abe Bonnema. De toer helle inkele kearen it lanlik nijs troch spontaan fallende gevelplaten.
* it business center [[Crystalic]] ([[2002]]), arsjitekt: [[Gunnar Daan]]
 
== Rekreaasje en fertier ==
Der binne mear as 100 horeka-gelegenheden yn Ljouwert, wêrûnder in soad kroegen, in tal feestkafees en fjouwer diskoteken. De iepeningstiden binne rom: der binne by dy't moarns om seis oere pas slute.
 
=== Kafees ===
Ljouwert hat in grut tal kroegen. Dy sitte benammen yn de Doelesteech, om it Ruterskertier, by it Gûverneursplein en oan de Nijstêd. Inkele kafees hawwe in poadiumfunksje, sjoch hjirfoar by 'Keunst en Kultuer' ûnder '[[#Concert en theater|Konsert en teater]]'.
 
Kafees út de lanlike Kafee Top 100 fan it horekafakblêd Misset Horeca:
* Irish Pub Paddy O'Ryan (#28 yn 2008; #15 yn 2007)
* Kafee De Stee (#39 yn 2008; #45 yn 2007)
* Kafee De Striehoed (#99 yn 2008)
Tige âlde Kafees:
* Kafee Blauhûs (âldste kafee)
* Oranje Bierhûs (sûnt 1857)
* Kafee De Oksekop (sûnt 1912) (skilder Sir [[Lawrence Alma-Tadema]] brocht fan [[1837]] oant [[1840]] syn bernejierren troch yn de wente op dit adres, wylst syn heit dêr ek in notariskantoar hie. It Kafee is lokaal ek bekend as Kafee Eijgelaar, nei de namme fan de kastlein)
* Bierhûs Lampie (sûnt 1926)
 
=== Diskoteken ===
* Club Noa
* Purple Food & Drinks
* Fire Palace
* Rumours
* Poadium 058
Fierders binne der ferskate dûnskafees lykas Kafee Kafee en kroegen oan de Doelesteech.
 
=== Hotels ===
* Grand Hotel Post-Plaza
* Bastion Hotel Ljouwert
* Eden Oranje Hotel
* Hotel Bêd & Brochje Bordine Studiorent
* Hotel Kafee 't Anker
* It Eurohotel
* Hotel Steedhâlderlik Hof
* Hotel Wyswert
 
=== Ytgelegenheden ===
* Doozo (fan 16 jannewaris 2006 o/m 10 april 2007 die it [[sushi]]restaurant mei oan it populêre televyzjeprogramma [[Myn Tinte is Top]] en waard in de finale ferslein)
* Pizzeria Sardegna
* Siderius
* Spinoza
* Humphrys
* Café Café
* StadsCafé
* Dikke Van Dale
* Brasserie Lourens
 
=== Parken ===
* [[Prinsetún (Ljouwert)|Prinsetún]]. De omjouwing fan dit stedspark foarmet it haaddekôr fan ''[[De koperen tún]]'', de roman fan [[Simon Vestdijk]] wêr't ek ik etablissemint yn dit park nei neamd is.
* [[Rengerspark]]
* Froskepôle
* Ljouwerter Bosk
* Westerpark of Foksepark
* Dr. Zamenhofpark
* Julianapark
* [[Abbingapark]]
* De Griene Stjer (in rekreaasjegebiet mei natuer, in kemping, in strân en in nudistestrân )
 
== Religy ==
Yn Ljouwert binne in soad leauwensmienskippen lykas it roomske en protestantsje leauwen en de islam.
 
=== Protestants ===
[[Ofbyld:Leeuwarden - Grote- of Jacobijnerkerk.jpg|thumb|200px|De Grutte- of Jakabinertsjerke út de 13e ieu]]
 
Under de [[PKN|protestantse tsjerke]] y.o. falle de tsjerkegemeentes:
* [[Grutte of Jakobinertsjerke]]; [[Christian Müller (orgelbouwer)|Müller]]-oargel (1727); P.J. Vermeulen-oargel yn it koar (1977); J. Meister-oargel yn de [[sakristy]] (1766)
* De Adelaar/De Reinbôge
* De Skeakel
* Fenix/Goede Herder
* Koepelkerk; Vermeulen-orgel (1935)
* [[Pelikaantsjerke]] (gebou út [[1932]] fan arsjitekt [[Egbert Reitsma]], lid fan [[De Ploeg (Groningen)|De Ploeg]]); Valckx en Van Kouteren-oargel
* Salvatortsjerke/De Iepen Hof
* Kapel-Skrânswyk
* Kuriostsjerke
* De Oase
* Doarpstsjerke (yn Huzum-Doarp)
It periodyk fan de protestantse tsjerken hjit 'De Geandewei'.
 
=== Rooms katolyk ===
[[Ofbyld:Leeuwarden - Sint-Bonifatiuskerk.jpg|thumb|200px|[[Sint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)|Sint-Bonifatiustsjerke]] út 1884]]
 
De parochy fan de [[roomsk-katolike tsjerke]] yn Ljouwert hjit de Titus Brandsma Parochy. Dy hat twa tsjerkegebouwen yn behear: de [[Sint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)|Sint-Bonifatiustsjerke]] en de [[Sint Dominikustsjerke]]. Yn de Sint Dominikustsjerke stiet in merakelse byltnis fan [[Us Leaffrou fan Ljouwert]].
 
=== Islam ===
* moskee Ulu
* moskee Aya Sofya, Turkse moskee
 
=== Oars ===
* [[CGK|Kristlik Gereformearde Tsjerken]]: Betheltsjerke
* gereformearde tsjerke frijmakke: De Moarnsster
* remonstrantse gemeente: Waalse Tsjerke; [[Johann Michaell Schwartzburg]]-oargel (1740)
* doopsgesinde gemeente
* baptistyske gemeente: De Parktsjerke
* frije baptistyske gemeente: De Wyngaard
* evangelyske gereformearde gemeente
* evangelyske gemeente De Salvator, evangelyske gemeente De Doar
* evangelyske gemeente Perspektyf
* evangelysk Luterse gemeente
* vrije evangelyske gemeente
* folle evangelyske gemeente Nij Libben
* folle evangelyske gemeente: Opstandingstsjerke
* pinkstergemeente: Elim
* Fergadering Fan Leauwigen
* Leger des Heils
* Ark of Covenant Church
 
Fierders binne der byienkomsten yn de tsjerkeseal fan it sikehûs [[Medysk Sintrum Ljouwert|MCL]]-Súd, in fersoargingshûs De Hofwijck en ferpleechhûs Parkhove, en yn It Oanrinhûs.
 
== Underwiis ==
[[Ofbyld:Stedelijk Gymnasium Leeuwarden.jpg|thumb|right|200px|Piter Jelles Gymnasium]]
 
=== Middelber ûnderwiis ===
Yn Ljouwert binne ferskate skoallen foar [[middelber beropsûnderwiis]] en [[fuortset ûnderwiis]], wêrûnder it [[Fryslân Kolleezje]], de [[Fryske Poarte]], [[CSG Comenius]], [[AOC Fryslân]], [[Kristlik Gymnasium Beyers Naudé]] en 5 skoallen dy't hearre by de skoallemienskip [[Piter Jelles (skoallemienskip)|Piter Jelles]].
 
=== Heger ûnderwiis ===
Yn Ljouwert binne trije skoallen foar [[heger beropsûnderwiis]]: [[Hegeskoalle Van Hall Larenstein]], de [[Noardelike Hegeskoalle Ljouwert]] en [[Stenden hegeskoalle]] (fusy fan de [[Kristlike Hegeskoalle Nederlân]] en de [[Hegeskoalle Drinte]]).
 
Ek telt Ljouwert festigingen fan de [[Wageningen Universiteit en Researchsintrum|Universiteit Wageningen]], [[Ryksuniversiteit Grins]] en de [[Hânzehegeskoalle Grins]]. De yn Ljouwert festige [[Akademy foar Popkultuer]] is fan dizze lêstneamde HBO-ynstelling in oplieding.
 
Dêrneist sit de [[Iepen Universiteit]] ek yn Ljouwert. De Iepen Universiteit biedt heechweardich ôfstânsûnderwiis oan foar eltsenien boppe de 18 jier.
 
== Sport ==
Der binne fjouwer grutte sportparken yn Ljouwert:
* Kalverdijkje
* Sportpark Nylân
* Sportpark De Magere Wijde
* [[Cambuurstadion]], hjir fuotballet de prof-fuotbalclub fan Ljouwert, [[SC Cambuur|Cambuur Ljouwert]]. It Cambuur-Stadion stiet hast midden yn de stêd, wat net faak mear foarkomt yn Nederlân. Hjir en dêr yn de stêd lizze noch wat oare, lytsere sportparken.
Fierders binne der twa gemeenteswimbaden:
* Swimbad De Blauwe Golf
* Swimbad Kalverdijkje
Sportevenement:
*[[Maraton fan Ljouwert]]
*[[Alvestêdetocht]]
== Ferkear en Ferfier ==
Mei de foarljochtingskampanje “Rom baan foar berikberheid” wol de gemeente safolle mooglik omtinken jaan oan de ynfrastrukturele wurksumheden. It ferbetterjen fan de berikberheid fan Ljouwert is in spearpunt fan it gemeentlik Ferkears- en Ferfiersplan (GVVP). Mei de útfiering fan ûnderhâldswurksumheden en de oanlis fan nije ynfrastruktuer wol men hjirmei berikke dat Ljouwert ek yn de takomst berikber bliuwt, dat men maklik en fluch it paad fine kin en dat der genôch parkearplakken binne. Yn 2007 is der in twadde gruttte parkeargaraazje yn it sintrum by komd, ûnder it Aldehoustertsjerkhôf.
 
=== Weiferkear ===
In oantal haadwegen ferbynt Ljouwert mei oare stêden:
* [[Rykswei 31|A31]] Ljouwert - [[Harns (stêd)|Harns]] - [[Ofslútdyk]] - [[Amsterdam]]
* [[Rykswei 32|A32]] Ljouwert - [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] - [[Swol]]
* [[Ryksweg 31|N31]] Ljouwert - [[Drachten]] - [[Emmen]]
* [[Provinsjale wei 355|N355]] Ljouwert - [[Grins (stêd)|Grins]]
 
Yn de [[1950-1959|jierren 50]] en [[Jierren 60|60]] is der in [[Ring Leeuwarden|ringweg]] om Ljouwert oanlein, dy't no midden yn de stêd leit. Oare belangrike wegen yn Ljouwert binne:
* [[Grinzerstrjitwei]]
* [[Groenewei]]
* [[Noarderwei (Ljouwert)|Noarderwei]]
* [[Harnzerstrjitwei (Ljouwert)|Harnzerstrjitwei]]
* [[Mr. P.J. Troelstrawei (Ljouwert)|Mr. P.J. Troelstrawei]]
* [[Westersingel (Ljouwert)|Westersingel]]
* [[Lange Merkstrjitte (Ljouwert)|Lange Merkstrjitte]]
* [[Tesselschadestrjitte (Ljouwert)|Tesselschadestrjitte]]
* [[Eastergoawei (Ljouwert)|Eastergoawei]]
* [[Fliet (Ljouwert)|Fliet]]
* [[Drachtsterwei (Ljouwert)|Drachtsterwei]]
* [[Oeriske Strjitwei (Ljouwert)|Oeriselske Strjitwei]]
* [[Marshallweg (Ljouwert)|Marshallwei]]/[[Newtonleane (Ljouwert)|Newtonleane]]
* [[Rengersleane (Ljouwert)|Rengersleane]]
== Ferbinings ==
[[Ofbyld:Leeuwarden station.jpg|thumb|200px|right|It stasjon fan Ljouwert]]
Ljouwert is it sintrale punt fan de spoarwegen yn Fryslân. Oan de súdkant fan de âlde binnestêd stiet it [[stasjon Ljouwert]], dêr't alle treinen fan ôfsette. De neikommende spoaren slute oan op dit stasjon:
* it [[spoar fan Harns nei Ljouwert]]
* it [[spoar fan Ljouwert nei Starum]]
* it [[spoar fan Ljouwert nei Grins]]
** [[Achter de Hoven]] is in treinhalte yn Ljouwert, dy't oan de spoarwei Ljouwert - Grins leit.
** [[Halte Ljouwert Achter de Hoven|Halte Achter de Hoven]], stasjon mei beperkte tsjinstregeling
* [[Stasjon Ljouwert Cammingabuorren|Stasjon Cammingabuorren]]
* it [[spoar fan Ljouwert nei Swol]], [[Lofthaven Skiphol|Skiphol]], [[Utert (stêd)|Utert]]/ [[Rotterdam]]
**[[Stasjon Ljouwert Werpsterhoek]] In takomstich stasjon
 
Ferfallen spoaren:
* it [[spoar fan Ljouwert nei Eanjum]]- bekend as It [[Dokkumer Lokaaltsje]] - en nei [[Harns (stêd)|Harns]]/[[Frjentsjer]] fia [[Stiens]].
 
===Strjitten===
Alle [[strjitten fan Ljouwert]].
 
=== Iepenbier busferfier ===
Neist it treinstasjon Ljouwert is in busstasjon. Hjirwei rinne der buslinen nei û.o. [[Dokkum]], [[Bûtenpost]], [[Drachten]], [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], [[De Jouwer]], [[Snits (stêd)|Snits]] [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Frjentsjer]], [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Alkmar]].
 
Fia de stedstsjinstlinen is fan it busstation elke wyk berikber.
 
* Line 13: [[Stienwyk]] - [[Eesfean]] - [[Nijensleek]] - [[Frederiksoard]] - [[Willemsoard]] - [[Noardwâlde (Fryslân)|Noardwâlde]] - [[Sânhuzen (Weststellingwerf)|Sânhuzen]] - [[Aldeberkeap]] - [[Aldhoarne]] - [[Jobbegea Skuorregea]] - [[Lippenhuzen]] - [[De Gerdyk]] - [[Terwispel]] - [[Drachten]] - [[Nijtap]] - [[Rottefalle]] - [[Surhústerfean]] - [[De Harkema]] - [[Droegeham]] - [[Koatstertille]] - [[Jistrum]] - [[Noardburgum]] - [[Quatrebras]] - [[Hurdegaryp]] - [[Tytsjerk]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
 
=== Wetterwegen ===
Ljouwert leit oan it drok befearne [[Van Harinxmakanaal]], dat Ljouwert ferbynt mei [[Harns (stêd)|Harns]] en it [[Prinses Margrietkanaal]]. Dizze rûtes wurde benammen brûkt frachtskipfeart. Foar plezierfeart wurdt de [[Dokkumer Ie]] tusken Ljouwert en [[Dokkum]] in soad brûkt. It is in trochgeande farrûte dy't wichtich is foar de plezierfeart yn NOard-Nederlân. In (el trochgeande) sydfeart fan de Dokkumer Ie, is de [[Bonkefeart]], it einpunt fan de [[Alvestêdetocht]]. De [[Swette]] ferbynt Ljouwert mei it Fryske marregebiet fan [[Súdwesthoeke|Súdwest-Fryslân]].
 
== Foarsjennings ==
=== Bibleteken ===
[[Ofbyld:Bibliotheek Leeuwarden 03.JPG|thumb|Iepenbiere Bibleteek]]
Der binne trije bibleteken yn Ljouwert. De haadlokaasje is fêstige oan de Wurdumerdyk (sintrum) yn it eardere [[Beurs- en waachgebou (Ljouwert)|Beurs- en waachgebou]]. Fierders is der de [[Bibeteek (algemien)|bibleteek]] Ljouwert-Aldlân (súd) en de bibleteek Ljouwert-Bilgaard (noard), dy't (tydlik) bûten gebrûk is, omdat it winkelsintrum wêryn de bibleteek siet ôfbaarnd is. De bibleteek ûndersiket noch oft dizze lokaasje weriepen wurdt.
 
Fierders is der noch [[Tresoar]], it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, wêr't de eardere Provinsjale Bibleteek diel útmakket. Dy sit oan it Aldehoustertsjerkhôf. Hjir is in soasd ynformaasje oer de provinsje Fryslân te finen. Hjir binne ek krante-argiven lykas dy fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.
 
=== Sûnenssoarch ===
It [[Medysk Sintrum Ljouwert|MCL]] (Medysk Sintrum Ljouwert) is mei 990 bêden it grutste algemiene sikehûs fan Noard-Nederlân en teffens ien fan de grutste fan Nederlân. Yn it MCL binne alle medyske en ferpleechkundige spesjalismen te finen. Sûnt [[2004]] is it MCL (earder MCL-Súd) it ienige sikehûs fan Ljouwert.
 
=== Sosjale foarsjennings ===
Foar dak-, en thúsleazen is der ''SMO De Terp''. Dit is in ynstelling wêr't dak-, en thúsleazen goedkeap terjochte kinne om te oernachtsjen
 
== Bekende Ljouwerters ==
=== Polityk ===
* [[Rombertus van Uylenburgh]] (1554?-1624), politikus en boargemaster
* [[Willem IV fan Oranje-Nassau]] (1711-1751), erfsteedhâlder fan de [[Republyk fan de Feriene Nederlannen]]
* [[Pieter Jelles Troelstra]] (1860-1930), sosjalistysk politikus, abbekaat, sjoernalist, dichter/skriuwer
* [[Mata Hari]] (Margaretha Geertruida Zelle) (1876-1917), fan spionaazje fertochte dûnseres en courtisane
* [[Johan Willem Albarda]] (1877-1957), sosjalistysk politikus
* [[Tom Pitstra]] (1949), politikus foar [[GrienLinks]]
 
=== Religy ===
* [[Obbe Philips]] (1533-1568), doopsgesind foarman
* [[Ype Schaaf]] (1930-2003), predikant en sjoernalist
 
=== Wittenskip ===
* [[Willem Frederik Reinier Suringar]] (1832-1898), botanikus
* [[Cornelis Adriaan Lobry van Troostenburg de Bruyn]] (1857-1904), skiekundige
* [[Bernard Slicher van Bath]] (1910-2004), lânbouhistoarikus
 
=== Media ===
* [[Alexander Cohen]] (1864-1961), sjoernalist en provokateur
* [[Max Blokzijl]] (1884-1946), sjonger en sjoernalist
* [[Wilfred Genee]] (1967), televyzjepresentator
* [[Harold Verwoert]] (1968), presentator, sjonger, akteur
 
=== Keunst en kultuer ===
* [[Hans Vredeman de Vries]] (1527-1609 ), keunstner
* [[Wybrand de Geest]] (1592-1661), keunstskilder
* [[Saskia Uylenburgh]] (1612-1642), frou fan Rembrandt
* [[Abraham Lambertsz. van den Tempel]] (1622-1672), keunstskilder
* [[Wigerus Vitringa]] (1657-1725), keunstskilder en advokaat
* [[Onno Zwier van Haren]] (1713-1779), skriuwer
* [[Johan Joeke Gabriël van Wicheren]] (1808-1897), portretskilder
* [[Thomas Adrianus Romein]] (1811- 1881}, stedsarsjitekt
* [[Piet Paaltjens]] (1835-1894), dichter en predikant. Echte namme: [[François HaverSchmidt]].
* [[Willem Cornelis de Groot]] (1853-1939), arsjitekt
* [[Johannes Hendricus Jurres]] (1875–1946), skilder en heechlearaar
* [[Gerrit Benner]] (1897-1981), keunstskilder
* [[Maurits Cornelis Escher]] (1898-1972), keunstner.
* [[J. Slauerhoff]] (1898-1936), dichter en skriuwer
* [[Havank]] (Hendrikus Frederikus van der Kallen) (1904-1964), skriuwer fan populêre misdieromans
* [[Pieter Terpstra]] (1919-2006), skriuwer en sjoernalist
* [[Jeanne Adema]] (1944), keunstneresse
* [[Piter Wilkens]] (1959), sjonger en lietjeskriuwer
* [[Tjitske Reidinga]] (1972), aktrise
* [[Jan Jaap van der Wal]] (1979), kabaretier en kollumnist
 
=== Sport ===
* [[Theo de Jong (fuottballer)|Theo de Jong]], (1945), fuotballer
* [[Harm Wiersma]] (1953), dammer en politicus foar de [[LPF]]
* [[Foeke Booy]] (1962), eks-fuotballer en fuotbalcoach
* [[Lolle van Houten]] (1944), bokser
 
=== Ferskaat ===
* [[Thomas Peters]] (1745-1857), jildt as de earste persoan yn'e wrâld dy't âlder wurden as 110 jier
* [[Hendrik Voordewind]] (1887-1972), kommissaris fan plysje yn Amsterdam
* [[Sybren Tulp]] (1891-1942), militêr en haadkommissaris fan plysje yn Amsterdam
* [[Cor Boonstra]] (1938), ûndernimmer
* [[Arie van der Vlis]] (1940), generaal
* [[Cisca Dresselhuys]] (1943), feministe
* [[Hans Monderman]] (1945-2008), ferkearskundige
 
== Kuierrûte ==
* Sef Passage en Leendert Plaisier, ''Leeuwarden in de Schaduw van Havank (en andersom...).'' Leeuwarden: Stifting Utjouwerij Perio/Stifting Mateor, 1995.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.leeuwarden.nl Webstee fan de gemeente].
* [http://www.leeuwarden.nu Nijs en foto's oer Ljouwert en de Ljouwerters].
* [http://www.livingleeuwarden.nl Wenjen, wurkjen en rekreëarjen in Ljouwert].
* [http://www.historischcentrumleeuwarden.nl/?setlang=fr Alles oer de skiednis fan Ljouwert] ( webstee fan it [[Histoarysk Sintrum Ljouwert]]).
 
{{koördinaten|53_12_0_N_5_47_0_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 12' NB, 5° 47' EL}}
 
[[Kategory:Ljouwert| ]]
[[Kategory:Ljouwert (gemeente)| 2]]
[[Kategory:Nederlânske provinsjehaadstêd]]
 
[[af:Leeuwarden]]
[[an:Ljouwert]]
[[ar:ليوواردن]]
[[az:Leyvarden]]
[[be:Горад Леўвардэн]]
[[br:Leeuwarden]]
[[ca:Leeuwarden]]
[[cy:Leeuwarden]]
[[cs:Leeuwarden]]
[[da:Leeuwarden]]
[[de:Leeuwarden]]
[[en:Leeuwarden]]
[[eo:Leeuwarden]]
[[es:Leeuwarden]]
[[et:Leeuwarden]]
[[eu:Leeuwarden]]
[[fa:لیوواردن]]
[[fi:Leeuwarden]]
[[fj:Leeuwarden]]
[[fr:Leeuwarden]]
[[gl:Leeuwarden]]
[[gv:Ljouwert]]
[[hu:Leeuwarden]]
[[id:Leeuwarden]]
[[it:Leeuwarden]]
[[ja:レーワルデン]]
[[jv:Leeuwarden]]
[[li:Leeuwarden]]
[[lt:Leuvardenas]]
[[mr:लीयुवार्डेन]]
[[ms:Leeuwarden]]
[[nds:Liwwadden]]
[[nds-nl:Liwwadden (stad)]]
[[nl:Leeuwarden (stad)]]
[[nn:Leeuwarden]]
[[no:Leeuwarden]]
[[oc:Leeuwarden]]
[[os:Леуварден]]
[[pl:Leeuwarden]]
[[pt:Leeuwarden]]
[[ro:Leeuwarden]]
[[ru:Леуварден]]
[[simple:Leeuwarden]]
[[sk:Leeuwarden]]
[[sr:Леуварден]]
[[stq:Ljouwert]]
[[sv:Leeuwarden]]
[[sw:Leeuwarden]]
[[tr:Leeuwarden]]
[[uk:Льовет]]
[[vo:Leeuwarden]]
[[war:Leeuwarden]]
[[zh:吕伐登]]