Slach by Adrianopel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: cs:Bitva u Adrianopole; tekstwiziging
Rigel 9:
De Romeinse keizer [[Falens]] fierde sels it befel oer it Romeinske leger dat út likernôch 12.000 oant 15.000 soldaten bestie. It advys fan syn riedsmannen om te wachtsjen op fersterkings sloech hy yn de wyn. Hy miende him foarôf al oerwinner. De Goaten wienen by dizze fjildslach yn de mearderheid, alhoewol dizze mearderheid wierskynlik letter troch Romeinske skiednisskriuwers oerdreaun is. By it earste treffen wie de Goatyske (swiere) [[kavalery]] sels hielendal net oanwêzich, omdat dizze de moarns tefoaren it kamp ferlitten hie. De efterbleaune Goatyske ynfantery hie har ferskânze yn in saneamd 'Laager', in sirkel fan weinen. Doe't de Romeinen der net yn slaggen om dizze ynfantery te ferslaan kearde de striid him tsjin de Romeinen troch de komst fan de werom roppen Goatyske kavalery.
 
De slach sels barde yn de heuvels by de [[stêd]]. It Romeinske leger rekke al gau ynsletten troch de nûmerike sterkere tsjinstanner en úteinlik einige de striid yn in ferskuorrende nederlaach foar de Romeinen. De oerwinning wie folslein omdat keizer Valens sels by de deaden hearde. Amper in tredde fan de Romeinen soe de slach oerlibje.
 
== Betsjutting ==
De Fisigoaten koenen lykwols net fuortendaliks profitearje fan harren oerwinning. Hja koenen Adrianopel net oermasterje en harren oanfal op [[Konstantinopel]] waard in komplete mislearring. Dochs beskikten sy wol oer in enoarme machtsposysje. Uteinlik wienen sy tefreden met it opnij befestigjen fan de ôfspraak mei de Romeinen oer harren festigingsrjochten yn it Romeinske Ryk.
 
Rigel 20:
* Hermann Schreiber, ''De Goten, vorsten en vazallen'', Amsterdam - 1979.
 
[[kategoryKategory:Romeinske fjildslach|Adrianopel]]
 
[[bg:Битка при Адрианопол (378)]]
[[ca:Batalla d'Adrianòpolis (378)]]
[[cy:Brwydr Adrianople (378)]]
[[cs:Bitva u Adrianopole (378)]]
[[da:Slaget ved Adrianopel (378)]]
[[de:Schlacht von Adrianopel (378)]]