Fryske lândei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Net yntrodusearre: Wester- en Eastergoa hiene dy al.11+30
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Alve Stêden - Verwijzing(en) gewijzigd naar Fryske stêden
Rigel 1:
Yn it tiidrek fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] bestie de '''Fryske Lândei''' (gearkomste fan de Steaten) út ôffurdigen fan de fjouwer 'kertieren': dat fan de [[Fryske stêden|Alve Stêden]] en de trije plattelânsdistrikten ([[Eastergoa]], [[Westergoa]] en [[Sânwâlden]]), ferdield yn tritich gritenijen, elts mei in [[grytman]] oan it haad. Ljouwert wie sit fan it bestjoer, en de lândei waard foarsitten troch de [[steedhâlder]]. Oan de mûglik stadige beslútfoarming waard yn de 18e ieu de Hollânske útdrukking 'op zijn elf en dertichst' taskreaun. De oarspronklike betsjutting wie lykwols, krekt as by it Fryske 'op syn alf-en-tritichst' dy fan: eat wat yn oarder wie, eat wat sekuer makke wie.
 
De Fryske lândei wie de foarrinner fan de [[Provinsjale Steaten]] en waard troch de hartoggen fan Saksen yn [[1498]] ynsteld doe't sy in sintraal bewâld oer Fryslân festigen. Seis jier letter (1504) leinen sy de boppe neamde bestjoerlike yndieling fan Fryslân fêst.