Natoerreligys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nij Meksiko
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Austraalje - Verwijzing(en) gewijzigd naar Austraalje (wrâlddiel)
Rigel 21:
De reäksje op ’e ynfloeden fan oare godstsjinsten kin noch folle fierder gean as allinne in namme oan in natoerreligy te jaan. Sa hawwe de [[Adi]], [[Mishmi]], [[Apatani]], [[Tangsa]] en guon lytsere folken, út ’e [[Yndia|Yndiaaske]] [[Himalaja]]-steat [[Arunachal Pradesh]], harren natoergodstsjinsten byinoar brocht ûnder de namme [[Donyi Polo]], om in fûst meitsje te kinnen tsjin it opkringende Kristendom. ''Donyi'' is Adi foar “sinne” en ''Polo'' foar “moanne”; de sinnegoadinne en de moannegod binne nammentlik de heechste godheden fan ’e oangeande natoerfolken. De stêd [[Pasighat]] is it sintrum fan dizze nije, âlde godstsjinst, dy’t troch it oernimmen fan ’e metoaden fan ’e organisearre religys, lykas rituëlen op sette tiden (sneontemoarns) yn in dêrfoar bedoeld gebou, de ''dere'', en it op skrift stellen fan syn myten, lieten en learstellings, besiket te oerlibjen yn ’e moderne wrâld.
 
Dat oerlibjen wurdt hjoed de dei, no’t der ek foar natoerfolken frijwol gjin manear mear is om har fan ’e rest fan de wrâld ôf te sûnderjen, hieltyd dreger. Al ieuwenlang hawwe prekers fan ’e wrâldgodstsjinsten Kristendom, Islam en Boedisme besocht om de oanhingers fan oare religys, en dus ek fan natoerreligys, fan harren leauwe ôf te bringen, faak mei twang en soms sels mei geweld. It kin as tekenjend foar de krêft fan ’e ynheemske godstsjinsten beskôge wurde, dat der oan it begjin fan ’e ienentweintichste ieu noch safolle minsken op ’e wrâld binne, dy’t net oan dy druk tajûn hawwe. In ûntwikkeling fan dizze tiid is dat middenmank de Westerske wrâld mear [[Yndianen]] yn [[Noard-Amearika]], [[Lappen]] yn [[Skandinaavje]] en [[Aboriginals]] yn [[Austraalje (wrâlddiel)|Austraalje]] kieze foar leauwe fan harren foarâlden.
 
== Fersprieding en oanhing ==