Henk Kroes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Kategory
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Austraalje - Verwijzing(en) gewijzigd naar Austraalje (lân)
Rigel 9:
Nei in rêstige winter yn [[1995]] krige Kroes yn [[1996]] in protte kommentaar doe't it bestjoer nettsjinsteande in bêste winterperioade de Alvestêdetocht net ride te litten. It like it bestjoer doe lykwols net ferantwurde om de tocht te hâlden.
 
De oare winter fan 1996 op 1997 wie it fuortendalik wêr priis. Kroes siet op [[2 jannewaris]] de gearkomste fan de rayonhaaden foar. Nei de gearkomste kundige er mei de wurden ''It giet oan'' de tocht oan. Al gau stie Kroes yn it midden fan de belangstelling. Fan [[Grut-Brittanje]] oant [[Austraalje (lân)|Austraalje]] waard er skille troch sjoernalisten <ref>[http://krant.telegraaf.nl/krant/ditjaar/elfsteden/teksten/11.nieuws.kroes.rots.jan4.html Telegraaf 4 jannewaris 1997]</ref>. Nei in pear hektyske dagen waard de tocht op [[4 jannewaris]] sûnder grutte swierichheden ferriden. By de tocht fan 1997 siet Kroes it grutste part fan de dei yn it [[FEC]] om by eventuele kalamiteiten de saken te stjoeren. Wol wie regele dat him de eare takomme soe om de lêste rider sels ôf te stimpeljen. Doe't it bliken die dat dit in swartrider wie, sei er lakonyk: ''Oh, dan binne jo de lêste offisjele swartrider.'' <ref>[http://library.thinkquest.org/11529/cityskating/Belangrijke_Perosnen.htm In ûnoffisjele Alvestedetocht webstee]</ref>
 
Op [[21 novimber]] [[2005]] makke er bekend yn [[2007]] syn wurk as foarsitter by de Feriening te beëinigjen. Ek waard doe syn opfolger [[Wiebe Wieling]] yn it bestjoer keazen as fise-foarsitter dy't syn funksje yn 2007 oernimme soe. Op de ledengearkomste fan [[14 jannewaris]] [[2007]] naam Henk Kroes ôfskie.