Kleaster Klaarkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
argeologysk ûndersyk
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Boalsert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Boalsert (stêd)
Rigel 4:
It kleaster waard om [[1165]] stifte fanút it Dútske sistersjenzerkleaster [[Riddagshausen]]. Klaarkamp wie it earste sistersjenzerkleaster yn Noard-Nederlân. De sistersjenzermûntsen kamen oarspronklik út de Frânske [[Abdij fan Clairvaux]], wat "it ljochte dal" betsjut. Klaarkamp betsjut "it ljochte fjild". De mûntsen droegen wite kapen. De [[likebroer|likebruorren]] droegen grize kapen en waarden ''skiere mûntsen'' neamd.
 
Ut Klaarkamp wei waarden in soad oare kleasters stifte, ûnder oaren by [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] ([[Kleaster Blomkamp]]; [[1190]]), [[Aduard ]]([[1192]]) en [[Gerkeskleaster]] ([[Jeruzalem (Gerkeskleaster)|Jeruzalem]]; 1249). Mar ek yn it Dútske [[Ihlow]] wie in dochterkleaster.
 
De mûntsen fan Klaarkamp makken ûnder oaren âlde friezen, [[bakstien]]nen makke fan de [[klaai]] dy't se tichtby it kleaster ôfgroeven. Dêrtroch ûntstie de [[Klaarkampster Mar]], tsjintwurdich in dridzich gebiet dat troch [[Steatsboskbehear]] beheard wurdt. De mûntsen bebouden ek it lân en stutsen [[Turf (branje)|turf]].