Stasjon Drylts: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
y
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Boalsert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Boalsert (stêd)
Rigel 3:
[[Drylts]] leit sûnt 8 novimber [[1885]] oan it [[spoar Ljouwert-Starum]] en hat sûnt dy tiid ek in [[spoarstasjon|stasjon]], '''Stasjon Drylts'''.
 
It hie net folle skeeld of it spoar wie net troch Drylts komd. De [[Twadde Keamer]] hie nammentlik in [[moasje]] oannomd om it spoar net oer Drylts, mar oer [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] nei [[Warkum]] rinne te litten, mar de [[Earste Keamer]] stuts dêr, lokkich foar Drylts, in skoatteltsje foar.
 
Yn [[1938]] waard ''Stasjon Drylts'' skrast út de tsjinstregeling, mar yn de perioade [[1940]]-[[1941]] stoppen der foar koarte tiid wer treinen. Hjirnei wienen der noch wol frachttreinen dy't hjir stoppen oant septimber 1970. Yn [[1954]] is it âlde stasjonsgebou sloopt: it wie oerstallich wurden.