Sealterfrysktalige literatuer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Bernd (oerlis | bydragen)
Rigel 6:
 
== Skiednis ==
Mei it útjaan fan de ''seelter Spräkwoudesamlenge'' begjint it tiidrek foar de Sealterfryske literatuer pas goed. [[Gesina Lechte-Siemer]] (1911-2007) wie de earste dichter in de Sealterfryske taal, it teaterstik ''Louts Hinerks Tjoue'' hat hja yn 1931/32 skreaun. ''Dät Ooldenhuus'' wie in útjefte fan [[Hermann Janssen]] (1888-1971) dat yn 1964 publisearre wurden is. Hy begûn mei it [[Lesebouk foar Seelterlound]] (1953-1965) yn de regionale krante, de General Anzeiger. Hy hie ek mei [[Pyt Kramer]] foar de [[Seelter Trjoue]] skreaun, wêrfoar meardere ûnbekende Sealterfriezen literêre saken skreaun hawwe. ''Twiske Ticheläi un Baarenbierich'' is part fan it Sealterfryske wurk fan [[Theo Griep]] (1916-2007) dat er allinnich skreaun hat, yn gearwurking hat hy sawol yn it Sealterfrysk as ek Dútsk skreaun. [[Theo Deddens]] skreau fan 1977-1990 Sealterfryske stikke yn de regionale krante, de ''Münsterländische Tageszeitung''. Hjoed de dei skriuwt hy noch lytse stikken in de ''General-Anzeiger''. Hy skriuwt yn it Skäddeler[[dialekt]] fan it Sealterfrysk. [[Margaretha Grosser]] (*1934) hat in soad literêre wurken skreaun, de ''Dööntjen un Fertälstere uut Seelterlound'' binne ek bûten it Sealterlân bekend en ek ''Mien Tuunschiere'' is it neamen wurdich. Yn 2009 en 2010 binne ''Die litje Prins'' en de ''Tuusterpäiter (Smoarge Piter)'' troch Gretchen (Margaretha) Grosser nei it Sealtersk oerset. ItEk skriuwt hja Sealterfryske stikke, hiere ''Dööntjen un Fertälstere'' yn de regionale krante, de ''General-Anzeiger''. It näie Tästamänt un do Psoolme'' (nije Testamint en de Psalmen) binne yn it jier 2003 troch [[Marron Curtis Fort]] nei it Sealterfrysk oerset.
 
== Sealterfryske skriuwers / Skriuwers yn it Sealterfrysk==