Weser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Bremen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Bremen (stêd)
Rigel 4:
Weser en Werra binne tegearre 730 km lang en mei de Fulda en harren [[Sydrivier en ôftakking|sydrivieren]] fiere se it wetter ôf út in gebiet fan 46.306 km², in gebiet dat grutter is as Nederlân. It grutste part dêrfan leit yn [[Nedersaksen]]. In bysûnderheid is it sydrivierke de Else. Dizze takket ôf yn in saneamde [[bifurkaasje]] fan de [[Hase]], dy't sels nei de Iems ta streamt.
 
Fan Hannoversch Münden oant de [[Porta Westfalica]] by [[Minden]] streamt de rivier troch it [[Weserberchlân]] en hjit dan de Boppe-Weser (205 km). By Porta Westfalika brekt de rivier troch de lêste heuvelrêch dy't dêr oan de westkant fan de Weser it [[Wiehenberchtme]] en oan de eastside it [[Weserberchtme]] hjit. Fan hjir oant [[Bremen (stêd)|Bremen]], de wichtichste stêd oan de rivier, folget de Midden-Weser (157 km.), wêr't sluzen en keardammen de rivier it hiele jier troch befarber hâlde. It [[estuarium]] fan de Weser begjint by Bremen en hjit de Under-Weser. By it [[Bremerhaven]] berikt de Weser de Noardsee. Hjir folget noch in stik Bûten-Weser, dat oergiet yn de [[Waadsee]] en allinnich by eb werkenber is.
 
[[Image:Estuary mouth Weser Bremerhaven.JPG|thumb]]