Roarik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Bremen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Bremen (stêd)
Rigel 16:
Yn [[855]] besocht Rorik de Deenske kroan yn besit te krijen, mar kearde sûnder súkses tebek. Hy wie no fan betinken om de hearskippij oer hiel Fryslân yn hannen te krijen. Tegearre mei syn broer [[Harald]] slagge hy der yn de Fryske gebieten fanút de eilannen [[Wieringen]] (Rorik) en [[Walcheren]] (Harald) te oermasterjen. De nije keizer [[Lotarius II]] moast him by de hearskippij fan Rorik oer Fryslân dellizze. Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekte tusken it [[Fly]] en [[Maas]]. Dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige [[Hollân]] (Noard- en Súd-) en [[Utert (provinsje)|Utert]].
 
Dochs joech Rorik syn oanspraak op de Deenske troan net op. Yn [[857]] naam er [[Hedeby]] yn en yn [[859]] waard [[Bremen (stêd)|Bremen]] plondere. Tidens de ôfwêzichheid fan Rorik foelen oare Deenske Wytsingen it Fryske gebiet oan. Sy oermasteren de wichtichste stêden Dorestêd en [[Utert (stêd)|Utert]], wêrtroch de biskop fan Utert, [[Hunger]] ûntwyk sykje moast yn [[Dimter]]. Hjirmei helle Rorik de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it greefskip oer Fryslân ûntnaam.
 
Doe't ek de Friezen tsjin de hearskippij fan Rorik yn opstân kamen ([[864]]), moast hy tydlik Fryslân ferlitte. Mar Rorik socht tanadering by de Frankyske keningen [[Karel de Keale]] en [[Loadewyk de Dútser]] en waard yn [[870]] fan beiden in [[fazal]] en krige dêrtroch syn Fryske lien werom. Hy bekearde him ta it [[kristendom]] en kaam te ferstjerren yn [[880]]. Hy waard opfolge troch [[Godfried de Wytsing|Godfried]], de soan fan Harald.