Aartsbisdom Bremen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Bremen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Bremen (stêd)
Rigel 2:
It '''Aartsbisdom Bremen''' (eigentlik Hamburch-Bremen) wie in aartsbisdom fan 864 oant 1648. It eastlike diel fan [[East-Fryslân]] wie ûnderdiel fan it aartsbisdom.
 
It Aartsbisdom Hamburch waard yn 831 stifte yn [[Hamburch]]. Yn 831 waard dat bisdom troch Denen fernield. Nei de fernieling fan it Aartsbisdom Hamburch waard in feiliger hinnekommen socht. Yn 845/847 luts de [[aartsbiskop]] fan Hamburch him werom nei [[Bremen (stêd)|Bremen]]. Dêr waard hy aartsbiskop fan it bisdom Bremen dat yn 787 stifte wie troch [[Karel de Grutte]]. Yn 864 waarden de beide bisdommen gearfoege ta it Aartsbisdom Hamburch-Bremen.
 
De tsjerkprovinsje besloech yn it earstoan Noard-Europa; it noarden fan [[Dútslân]], de [[Baltyske steaten]] en [[Skandinaavje]]. Yn 947 waarden de bisdommen Sleeswyk, Ribe en Aarhûs stifte en yn 967 it bisdom Oldenburch (de bisdommen Meklenburch en Ratzeburch skieden har letter fan Oldenburch of).