Woudenberg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
L Woudenberg werneamd ta Wâldenberch, wat in synonym wie
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Buorren - Verwijzing(en) gewijzigd naar buorren (doarp)
Rigel 7:
Yn de kearn fan Hengistcoto bouwe de muontsen fan de abdij in curtis (pleats mei omwâling). Dizze lei op de hichte fan it hjoeddeiske krúspunt fan de wegen fan Austerlitz nei Wâldenberch en [[Doarn]] nei [[Amersfoart]]. Dit krúspunt hjit Quatre-Bras. It leit oan de foet fan de heuvel dêr't yn 1804 de [[Piramide fan Austerlitz]] ferriist.
 
Yn 1133 ferkeapet de biskop oan dyselde abdij en oan trije partikulieren ± 500 bunder moerassich lân ten easten fan [[Henschoten]] dat yn it Westerwâld leit. Yn it sintrum fan dit gebiet ûntstiet nei 1240 de [[buorren (doarp)|buorren]] fan Wâldenberch.
 
De ûntginning fan it leechlizzende gebiet is yn dy mear as hûndert jier amperoan fan de grûn komd. Yn 1240 beslút de abdij (dy't dan de ienige eigener blykt te wêzen) om de ± 500 hektare grûn yn erfpacht út te jaan oan de edelman Philips fan Ryningen út Wyk by Duerstede. Dizze pakt daliks troch. Om it gebiet ûntwetterje te kinnen wurde sleatten groeven en de ierde wurdt brûkt om (lege) dykjes op te smiten. Der ûntstiet in trochgeande west-east ferbining rjochting Scherpenzeel (Stasjonswei) en inkele noard-súd lizzende ûntginningsassen: Ekris, Weteringsedyk (Maarsbergsewei) en Griftdyk.