Willemsoard (Stienwikerlân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
[[]]
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Buorren - Verwijzing(en) gewijzigd naar buorren (doarp)
Rigel 5:
Generaal [[Johannes van den Bosch]] wie de geastlike heit fan de plannen om yn [[Frederiksoard]], [[Wilhelminaoard]] en Willemsoard trije frije koloanjes te stiftsjen om kânsarme húshâldings út it westen fan Nederlân de gelegenheid te bieden in nij bestean op te bouwen. De kolonisten krigen in wente mei ien bunder grûn, der waard foarsjoen yn harren ûnderhâld, der wie genêskundige help, en godstsjinst- en skoalûnderwiis. Tanksij de kontribúsje fan in flink oantal reedlik begoedige Nederlanners koenen de leefomstannichheden fan die legere folksklassen frijwat ferbetttere wurde. It Hûs fan Oranje wie tige ynteressearre yn de plannen. De kroanprins fan Oranje, de lettere [[Willem II fan de Nederlannen|Kening Willem II]], joech Willemsoord syn namme. Willem betelle de bou fan de skoalle en de ûnderwizerswente út eigen bûse: wol 1.400 gûne foar de realisaasje fan beide gebouwen.
 
It rezjym van de Maatskippij wie strang. De jeugd gie seis dagen yn de wike nei skoalle. Willemsoard telde in relatyf grut oantal opliedings neist de legere skoalle. Sa wie der tichtby de [[buorren (doarp)|buorren]] in naai- en breidskoalle en in tekenskoalle. De jeugd koe ek oplieden wurde yn ferskillende tûken fan niverheid. Sa wie der in sekkeweverij, in toubaan, in timmerwinkel en in fervewinkel, wylst de bosk- en lânbou de jeugd perspektyf bea op de administraasje fan de Maatschappij terjochte te kommen. Mar Willemsoard hie ek in eigen lânboufakskoalle dy't op de Ronde Blesse stie: de Gerard Adriaan van Swieten Lânbouskoalle. De maatskippij hie yn de neiste omjouwing trije "goed gedreven" pleatsen (Hoeve Utert, Hoeve Amsterdam en Hoeve Generaal van den Bosch) wêrtroch't der genôch grûn beskikber wie foar it oanlizzen fan proeffjilden foar de studinten. Fierders leinen in feearts, stoommolkfabryk en in ûntrjemmingsfabryk foar de hân. De lânbouskoalle waard yn 1890 stifte en 1910 sloopt, wêrnei't de skoalle ta wenhûs omboud waard.
 
It earste tsjerkegebou dat yn de frije koloanjes stifte waard wie ornearre foar de [[Joaden|joadske]] kolonisten. Dy húshâldings waarden yn it noardeastlike diel fan de koloanje Willemsoard (op [[De Pol (Stienwikerlân)|De Pol]]) hûsfêste en dat gebiet krige yn de folksmûle de namme Joadehoeke. Der waard letter ([[1837]]) ek in Israëlitysk byskoaltsje boud tegearre mei in lytse synagoge. Yn 1860 wennen der noch 24 joadske húshâldings yn de koloanje Willemsoard. De Nederlânsk Herfoarme tsjerke oan de Stienwikerwei yn Willemsoard waard yn jannewaris 1855 ynwijd.