Sumar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: en:Sumar, Friesland
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Burgumer Mar - Verwijzing(en) gewijzigd naar Burgumer Mar (mar)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Tytsjerksteradiel Sumar.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Sumar]]
'''Sumar''' is in doarp yn de gemeente [[Tytsjerksteradiel]], súd fan [[Burgum]] en leit sa'n twa kilometer súdwestlik de [[Burgumer Mar (mar)|Burgumer Mar]]. It doarp hat likernôch 1.425 ynwenners (2006). Under Sumar falle de buorskippen [[Sumarreheide]] en [[De Harste]]. De namme komt fan besuden de (Burgumer) Mar dêr't in sânrêch lei. East fan it tsjerke binne bewenningsresten út de [[12e ieu]] fûn. Yn in ferdrach mei Grins wurdt de namme Sumar yn 1447 foar it earst neamd. De dorpstsjerke út (1769) is it âldste gebou fan Sumar.
== Skiednis ==
Yn de [[prehistoarje]] wie it in gebiet mei rûntrekkende jagers en samlers. Der waard op wyld jage en fruchten, beien en knollen samle. Spoaren fan dizze jagers-samlers binne fûn oan de ouwers fan de [[Burgumer Mar (mar)|Burgumer Mar]] mar ek tichtby Sumar. Spoaren fan permaninte bewenning binne ûnder oare fûn yn 1994 by de oanlis fan de Koekoekswei (flakby de Iestwei). Spoaren yn it sân joegen de kontoeren te sjen fan in skuorre dy 't dêr om 1200 stien hawwe moat.
;Bebouwing
Oant ± 1850 wie Sumar in boeredoarp. Yn dizze ieu waard ek de heide besuden it doarp ûntgûn en ûntstie Sumarreheide. Yn it earstoan stienen der [[spitkeet|spitketen]], letter kamen der ek stienen arbeidershúskes en lytse boerespultsjes. By de ûntginning fan de heide spile boer Jelke Sjoerds Hoekstra in grutte rol. Nei him is in sânpaad neamd, besuden it doarp. Dêroan is noch te sjen hoe't de wegen om Sumar hinne der út seagen, al binne se no ferhurde.