Atene: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: mt:Ateni
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Byzantium - Verwijzing(en) gewijzigd naar Konstantinopel
Rigel 27:
Fan 494 oant 479 f. Kr. wie der oarloch mei de [[Perzen]], dy't op it lêst troch Atene wûn waard. Dy oerwinning brocht de stêd ek de macht yn Grikelân. Dat brocht twa kear oarloch mei Sparta, wêrtroch de macht fan Atene wer wat tebekrûn. Yn 338 f. Kr. waard Atene, krekt as oare parten fan Grikelân, oerwûn troch [[Masedoanje]]. Mar ek doe't Atene gjin selsstannige steat mear wie, bleau it in wichtige stêd, fral op it mêd fan kultuer en oplieding, en de filosofyske skoallen lutsen studinten út grutte parten fan Grikelân, letter ek út oare parten fan it Romeinske ryk.
 
Yn [[86 f.Kr.]] waard [[Hellas]] ynnaam troch de [[Romeinen]]. Yn it Romeinske ryk wienen de wichtige stêden lykwols [[Rome]] en [[Konstantinopel|Byzantium]]. Doe't it ryk opsplitst waard, waard Atene yn it Byzantynske ryk in stêd yn de provinsje. Fan 1204 oant 1458 waard tusken Byzantium, Frânsen en Italianen om Atene en oare Gryske stêden fochten, en Atene krige Frânske, Katalaanske en Sisyliaanske hearskers. Yn 1458 waard Atene tafoege oan it [[Ottomaanske Ryk]]. Der waarden lykwols noch ferskate oarloggen oer en om útfochten.
 
Yn [[1822]] waard Atene ynnaam troch de Grykske opstân. It waard yn 1826 wer Turksk, mar waard yn [[1833]] definityf Gryksk. Atene waard de haadstêd fan it moderne Grikelân.