Julius Nepos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: ms:Julius Nepos
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Dalmaasje - Verwijzing(en) gewijzigd naar Dalmaasje (Romeinske Ryk)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tremissis Julius Nepos-RIC 3221.jpg|thumb|300px|''Tremissis'' fan '''Iulius Nepos'''.]]
 
'''Julius Nepos''' (sirka [[430]]-[[480]]), wie de lêste legitime [[List fan Romeinske keizers|keizer]] fan it [[West-Romeinske Ryk]]. Hy regearre fan [[474]] oant [[480]], mar rekke it grutste part fan syn ryk kwyt troch in opstân fan it Romeinske leger yn [[475]]. Allinnich yn [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]] koed er him hanthavenje.
 
== Keizerskip ==
=== Opkomst ===
Julius Nepos wie gûverneur fan de West-Romeinske provinsje [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]] en troch famylje-relaasjes ferbûn mei de East-Romeinske keizer. Hy wie troud mei de nicht fan [[Leo I fan Byzantium|Leo I]] (sa kaam er oan syn namme: ''nepos'' hâldt ''neef'' yn), keizer fan it [[East-Romeinske Ryk]] en waard troch dizze op in bepaald stuit nei foaren skood as de nije keizer fan it Westen. Dat wie yn it tiidrek dat de oerbefelhawwer fan it West-Romeinske leger it feitlik bewâld hie oer it ryk en der [[marjonet]]te-keizers op de troan sieten.
 
Mei in grut leger set Nepos yn [[474]] ôf nei Itaalje. Yn juny berikt er [[Ostia]] (de havenstêd fan Rome) en luts fierder op nei [[Ravenna]], dêr't keizer [[Glyserius]] him oerjout en de feitlike hearsker, de ''Magister militum'' [[Gundobad]] troch Nepos foartendaliks ûntheft waard fan syn funksje yn it leger.
[[Ofbyld:628px-Western and Eastern Roman Empires 476AD(3).PNG|left|thumb|300px|West- en East-Romeinske ryk yn 475]]
 
Yn namme wie Nepos keizer oer it hiele grûngebiet fan it eardere West-Romeinske ryk, mar feitlik hied er inkeld it bewâld oer de provinsjes [[Itaalje]], [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]] en parten fan it suden fan [[Galje]]. Hy besocht syn grûngebiet byinoar te hâlden en slagge dêr foar in part yn troch frede te sluten mei de [[Fisigoaten]] en harren kening [[Eurik]]. Hjirmei kearde Súd-Galje werom ûnder Romeinske kontrôle yn ruil foar inkele gebieten, dêr't Nepos toch al gjin sizzenskip mear oer hie. Underhannelings mei [[Geiserik]], de kening fan it [[Fandaalske ryk]] mislearre lykwols. De Fandalen bleauwen Itaalje oanfallen mei piratenskippen.
 
Nepos wie yn alle opsichten de meast bekwame fan de lêste West-Romeinske keizers, mar hy wie net bjuster populêr by de [[Senaat (Rome)|Senaat]]. De Senatoren hienen in hekel oan him, omdat er goeie relaasjes ûnderhâlde mei it East-Romeinske Ryk. Nepos makke ien grutte flater dy't syn ûndergong wurde soe, hy beneamde de net betroubere [[Orestes|Orestes]] as oerbefelhawwer fan it leger.