Oerterp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tsjerkefoto der by
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Drait - Verwijzing(en) gewijzigd naar Drait (wetter)
Rigel 18:
 
== Skiednis ==
Oerterp is in [[streekdoarp]] tegearre mei [[Selmien]] oan de westside en [[Sigerswâld]] oan de eastkant. Yn tsjinstelling mei oare weidoarpen, as yn [[Grinslân]] of [[Drinte]], is it lykwols net troch feanterij ûntsstien. De langhalige foarm is in gefolch fan de lizzing op de deksânrêch tusken de oarspronklike [[Drait (wetter)|Drait]] (dêr't no ''De Feart'' leit) en [[De Boarn]] (op dat stik no it ''Alddjip''). De earste bewenning wie op dizze sânrêch en moat grif al in tûzen jier âld wêze, al wennen der net in soad minsken. As middel fan bestean wie men oanwiisd op de ienfâldige lânbou en feetylt. De namme Oerterp (Urathorp, mei oer = boppe) wurdt ferklearre mei dy fan Olterterp (Utrathorp mei uter = bûten) út de lizzing ten opsichte fan de Boarn: Oerterp boppenstreams en Olterterp wat leger. Terp betsjut hjir dus doarp.
 
De langhalige bebouwing hie te krijen mei de kavelferdieling fan noard nei súd. Alle grûn wie eigendom fan de kleasters. De opset fan de ferdieling wie dat elke "boer" likense kânsen krige: in diel fan it [[heechfean]], in diel fan yn kultuer brochte (of noch yn kultuer te bringen) grûn en in útgong fia de heidegebieten nei [[greide]]n oan it Alddjip. Mear as hûndert jier letter ûnstie yn it heechfeangebiet noard fan it doarp bewenning troch it graven fan de feart fanút [[Drachten]] troch de feanôfgraving. Sa ûntstie yn dit gebiet in nij part fan Oerterp, dat rom in jier letter al mear ynwenners, (yn it earstoan benammen feanarbeiders, skippers en handelers), telde as de âlde boerestreek fan it doarp.