Albrecht Dürer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Feneetsje - Verwijzing(en) gewijzigd naar Feneetsje (stêd)
Rigel 6:
Yn [[1492]] kaam Dürer oan yn [[Kolmar]] om it wurk fan [[Martin Schongauer]], yn dy tiid in respektearre skilder-graveur, te bestudearjen. It die bliken dat Schongauer doe al in jier ferstoarn wie, mar syn famylje ûntfong him waarm, dêr en letter yn Bazel. Hy die dêr wat ûnderfining op mei metaalgravueres en meubelûntwerp. Yn 1494 reizge Dürer fia in koarte besite oan de Nederlannen werom nei Neurenberg. Ut de tiid fan syn earste omswervingen is suver gjin wurk bewarre bleaun.
 
Op 9 july 1494 troude Dürer, neffens ôfspraken dy't in syn ôfwêzigens makke wiene, mei Agnes Frey, dochter fan in lokale keapman. Oer de relaasje mei har is net in soad bekend. Hy soe net lang yn Neurenberg bliuwe. Yn de hjerst fan 1494 sette Dürer ôf nei [[Itaalje]], en liet syn frou yn Neurenberg efter. Hy kaam telâne yn [[Feneetsje (stêd)|Venetië]]. Bewizen fan dizze reis binne werom te finen yn tekeningen en gravueres dy't in soad tinken dogge oan it Noard-Itaalje fan bygelyks Mantegna, Pollaiuolo, Lorenzo di Credi en oaren. Earne yn 1495 moat Dürer werom reizge wêze nei Neurenberg dêr't hy de tsien jier dêrop libje en wurkje soe.
 
Yn de earste jierren dêr wurke er meast yn de Noardeuropeeske tradysje, mar stie wol iepen foar ynfloeden fan de [[renessânse]]. Ut dizze perioade stamme syn grutte houtfykwurken, wêrûnder de ''Apokalyps''.