Nyk de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
kat
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Frysk en Frij - Verwijzing(en) gewijzigd naar Frysk en Frij (útjouwerij)
Rigel 5:
== Skriuwer ==
Syn debútroman "Rezineknyn", yn [[2000]] útjûn troch [[Utjouwerij]] [[Frysk en Frij (útjouwerij)|Frysk en Frij]], spilet him foar in grut part ôf yn syn bertedoarp. Yn 2003 ferskynt de Nederlânske oersetting as ''Rozijnkonijn''. Nyk de Vries foarmet mei [[Meindert Talma]] de redaksje fan it Frysktalich moanneblêd [[De Blauwe Fedde]], wêrfan yn [[2001]] yn boekfoarm de libbensferhalen fan 15 eigensinnige Friezen ferskynden ûnder de titel ''De Blauwe Fedde yn petear'' ([[Friese Pers]]). Yn [[2006]] ferskynt de roman 'Prospero', wêrfoar't in Nederlânske ersetting makke wurdt.
 
Yn it literêre tydskrift [[Hjir]] publisearret Nyk de Vries al sûnt [[2003]] syn [[proazagedicht]]en. Deizzzen binne opnomd yn 'Motorman' dat in [[2007]] tagelyk ek yn it Nederlânsk ferskynde. Mei Meindert Talma, Albertina Soepboer, Tsead Bruinja, Jaap Krol en Abe de Vries foarmen se in nije generaasje skriuwers dy't út Grins wei in nije generaasje Fryske skriuwers dy't ek it nije medium ynternet brûkten om de Fryske literatuer ûnder de oandacht te bringen.