Janneke Spoelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
kat
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Frysk & Frij - Verwijzing(en) gewijzigd naar Frysk en Frij (tydskrift)
Rigel 4:
Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. As famke skreau se yn it kuorbalkrantsje ''de Goocheme Goaier'' en stjoerde se, sûnder sukses oars, gedichten nei de Lyrische Courant fan de [[Ljouwerter Krante]].
 
Nei wat kursussen Frysk by de [[Afûk]] folge se de hbû-oplieding Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL). Yn [[2001]] krige se in dieltiidbaan by de [[Fryske Akademy]] as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal (WFT). Foar harsels begûn se mei in fertaalburo. Yn de tuskentiid ferskynden fersen fan har yn wykblêd [[Frysk en Frij (tydskrift)|Frysk & Frij]] en op de Fryske Skriuwerskalinder.
 
Yn 2000 kaam fan har in oersetting yn it Frysk út fan de roman Pan fan de Noarske skriuwer [[Knut Hamsun]]. Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel ''Goeie is it wachtwurd'' (2004).