Anne Koopmans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Frysk & Frij - Verwijzing(en) gewijzigd naar Frysk en Frij (tydskrift)
Rigel 6:
Yn [[1987]] joech Anne Koopmans him op foar in skriuwkursus by it [[FLMD]] (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum). Oant dan ta hie er kwalik wat skreaun, mar hy blykte talint te hawwen en op oanrieden fan syn dosint [[Bouke Oldenhof]] stjoerde er in ferhaal yn foar de Rely Jorritsma-priisfraach. Yn 1992 krige er in [[Rely Jorritsmapriis]] foar it ferhaal ''Sipke syn lêste reis'' en yn 1993 wûn er deselde priis foar syn fers ''Dimpte haven'' en waard syn ferhaal ‘Apparaten’ datselde jier bekroand mei in priis yn de [[dialekt]]ewedstriid fan de Nederlandse dialektendag yn ’s Hertogenbosch.
 
Hy debutearre mei it ferhaal ‘Gesellich’ yn moanneblêd [[De Strikel]] yn 1992. De Strikel pleatste, oant it blêd ophold te bestean begjin 1996, sawat alle moannen in ferhaal fan syn hân. Dêrnjonken ferskynden ferhalen fan him yn [[Hjir]], [[Frysk en Frij (tydskrift)|Frysk & Frij]] en [[De Holder]]. Yn [[1995]] waard in seleksje fan syn ferhalen bondele, se kamen yn boekfoarm út ûnder de titel ''Fryslân boppe''. De bondel wie in grut súkses, yn 2005 kaam de 4e printinge op de merk.
It titelferhaal Fryslân boppe is tagelyk ek it langste, de lingte fan de ferhalen fariearret tusken de 5 en de 25 siden. De ûndertitel, ''Humoristyske ferhalen'' giet net op foar elk ferhaal, guon binne absurdistysk en oaren hawwe in tryste ûndertoan.<br>
Anne Koopmans hat nei it útkommen fan syn boek noch inkelde ferhalen publisearre yn ûnder oaren de beide ''Strikelboeken'' dy’t ferskynden neidat it blêd net mear útkaam. Fan skriuwen kaam net folle mear, wol wie er noch aktyf as skilder en muzikant, hy hat jierren fioele en akkordeon spile yn de dixielandband ‘De Jasbeskermers’.