Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Grins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grins (stêd)
Rigel 20:
 
==Ynhâld==
It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsieuwen noch net dúdlik fan inoar skieden wienen, in gemis. Om dat gat op te follen waard besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen rigels fêst te lizzen. Ut ferskate omkriten kamen dêrfoar ôffeardigers geregeldewei by inoar by de [[Opstalbeam]] by [[Auwerk (stêd)|Auwerk]]. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd [[Grins (stêd)|Grins]].
 
Neist de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht werom te gripen op ''âld'' rjocht lykas dat fêstlein wie yn de [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten]]. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhâld fan it rjocht, mar stjitte it ôftwingjen fan dat rjocht op swierrichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûntbrutsen de middels om him dêrta te twingen.