Minne Hoekstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Grins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grins (stêd)
Rigel 3:
'''Minne Hoekstra''' ([[Wergea]], [[7 juny]] [[1884]] - [[1941]]) wie de winner fan de earste [[Alvestêdetocht]], op [[2 jannewaris]] [[1909]] .
 
Minne Hoekstra wie de soan fan [[Abraham Hoekstra]], makker en hofleveransier fan redens. Hy wie goed yn muzyk, koe tekenje, die oan [[turnjen]] en [[reedriden]]. Tsjin it sin fan syn heit die er ek oan [[hurdfytsen]], dêr't er ek prizen mei wûn. Minne hie it boek ''Wintersport'' lêzen, dêr't [[Pim Mulier]] syn alvestêdetocht yn beskreau, en hy woe dat sels ek graach ris dwaan. Doe't Hoekstra studint teology wie yn [[Grins (stêd)|Grins]] en 24 jier âld, waard op [[2 jannewaris]] [[1909]] in ''Tocht op schaatsen over de elf steden van Friesland'' (''Tocht op redens oer de alve stêden fan Fryslân'') útskreaun troch it [[Nederlânske Bûn foar lichaamlike opfieding]], en organisearre troch it [[Fryske Iisbûn]]. Hoekstra seach syn kâns om syn dream útkomme te litten, en wie ien fan de hast fyftich ynskreaune reedriders.
 
Foar it Fryske bûn wie it gjin wedstriid, mar foar it Nederlânske al. Foar dielnimmer 34, Minne Hoekstra, wie it dúdlik in wedstriid; hy hie sels [[gatsjeredens]] - redens mei gatten yn de izers, dat se lichter wienen. It waard in tocht yn teiwaar en yn it westen gong it oer brak, sêft iis. Al tusken [[Burdaard]] en [[Dokkum]] - de tocht gong om de Noard - ferlear er by in fallerij syn noasker, dat hy hie der it grutste part fan de tocht problemen mei alles goed te sjen. Nei 189 km wie Minne Hoekstra dochs de fluchste, yn 13 oere 50, en hy wûn dermei de ferguld-sulveren medalje dy't it Nederlânske bûn útloofd hie.