J.J.A. Ploos van Amstel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Grins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grins (stêd)
Rigel 5:
 
Ploos van Amstel waard yn 1863 yn syn twadde gemeente [[Reitsum]] beroppen en naam dat berop oan. Yn 1866 gie er nei [[Eanjum]]. Dat begrutte de Reitsumers tige. De tsjerke hie noch noait sa fol west en se hienen in dûmny hân wêr't se mei pronkje koenen. Ploos waard net fergetten en yn 1874 is er, nei’t de tsjerke fergrutte wie, op 'en nij beroppen. Ploos hat dat berop ferinne litten. <br>
Yn 1876 stie Ploos yn [[Grins (stêd)|Grins]]. It bûtere net tusken de Grinzers en Ploos. Foar Reitsum wie dat de kâns om it nochris te besykjen. Ploos naam dizze kear it berop oan. Doe't er wer yn de Reitsumer pastorij wenne, sei er dat hy wer thús wie. Yn Reitsum waard hy op hannen droegen. Hy waard 'fader Ploas' of 'de âlde Ploas' neamd. As ien him ris frege oft hy fan adel wie, soe er soks net ûntkenne.
 
Wat guon fan de tsjerkerie, en mei namme âlderling Reitsma, ûnrêstich makke, wie dat Ploos it der hieltyd faker oer hie om de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke]] mar te ferlitten en fierder te gean mei in suvere tsjerke. Ploos hearde Reitsma oan, mar gie syn eigen gong. Uteinlik krige hy de hiele tsjerkerie mei. Der waard yn 't geheim besletten om út de Herfoarme Tsjerke te gean. Doe kamen der harkers en de tsjerkerie krige it benaud. As Ploos wier fuortgie, sieten se mei harren beslút om harren ôf te skieden en koenen net wer in opfolger beroppe.