Haulerwyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
update
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Grins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grins (stêd)
Rigel 20:
== Skiednis ==
It doarp is ûntstien yn it jier [[1756]]. It doarp it bestean oan it ûntginnen fan it fean, dat yn dit gebiet op grutte skaal plak fûn hat. De oanlis fan de [[Haulerwykster Feart]] hat yn 'e earste jierren foar de tagonklikens fan it gebiet soarge. Troch de ferbining fan dizze Feart mei [[Drachten]] en [[Assen]] koe eartiids it stutsen turf mei yn snikke (boat) ferfierd en ferkocht wurde. De Haulerwykster Feart is tsjintwurdich noch te sjen yn de wenkrite fan it doarp. De lintbebouwing lâns de feart is dan ek byldbepalend yn it lânskip. Dizze âlde feankoloanje bestie earder út Boppe-Haulerwyk en Beneden-Haulerwyk.
Letter yn 'e tiid hat it ferfier oer de wei en de opkomst fan de lânbou it lânskip fierder foarme. De ûntgûne grûn waard brûkt foar molkfee en lânbou (hjoeddeis foaral mais en jirpels). De (hannels)rûte nei [[Grins (stêd)|Grins]] hat derfoar soarge dat der in kearn yn it doarp ûntstien is. Yn it sintrum fan it doarp hat eartiids in brêge west dy't wichtich wie foar it trochgeande ferkear. Earst wie dat in klapbrêge, letter is dy ferfongen troch in fêste brêge, dy't op syn beurt wer troch in lange dûker ferfongen is, dêr't letter yn rotonde op oanlein is.
 
== De wenkrite ==