Lier (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Auwerk - Verwijzing(en) gewijzigd naar Auwerk (stêd)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Grins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grins (stêd)
Rigel 121:
== Ekonomy en ferkear==
[[Ofbyld:Ostfriesland Verkehr-de.svg|thumb|250px|Ferkear yn East-Fryslân]]
Twa [[autodyk|autobahnen]] (sneldiken) kruse benoarden fan Lier, de A 28 (Lier - Bremen) en de [[Bundesautobahn 31|A 31]] (Emden - Oberhausen, [[Ruhrgebiet]]). De stêd hat sels hat trije ferbinings mei de sneldiken. Noardwestlik fan de stêd giet de A31 fia de Iemstunnel ûnder de Iems troch. Ut it suden komt de B 70 fan Papenburch. De B 70 krúst yn Lier de B 436/E 22, dy't dêrmei nei Sande giet. It treinstasjon fan Lier is in oerstapstasjon mei út it suden/súdwesten wei de trein fan [[Grins (stêd)|Grins]] en Münster, nei it noarden ta it spoar nei de haven fan Emden (mei grut VW fabryk) en nei it easten leit it spoar nei Bremen. Noardlik fan de stêd leit it fleanfjild Lier-Papenburch dat passazjiers ferfiert nei oare fleanfjilden yn de buert, benammen toeristen nei de East-[[Fryske eilannen|East-Fryske eilannen]]. In grut ynternasjonaal fleanfjild wat tichtby it fleanfjild fan Lier leit is dat fan Bremen. Yn 2002 krige de stêd in priis foar de meast fyts freonlike stêd yn Nedersaksen. Reden dêrfoar wie it grutte oantal fytspaden.
 
Lier hat in grutte haven mei in protte skippen - likernôch 20 persint fan de Dútske hannelsfloat is yn Lier registrearre. De Bünting groep [http://www.buenting.de/] sit sûnt [[1806]] yn Lier en is ien fan de grutste wurkjouwers fan de stêd. Bünting is eigner fan ferskate supermerken, mar it bedriuw is mear bekend om syn East-Fryske tee.