Slach by Barrahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: nl:Slag bij Barrahuis
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Grins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grins (stêd)
Rigel 1:
De '''Slag by Barrahûs''' wie in fjildslach yn it tiidrek fan de [[Skieringers en Fetkeapers]] en fûn plak by [[Barrahûs]] ûnder [[Wurdum]] op [[10 oktober]] [[1492]]. De striid gong tusken in legerke fan de [[haadling]] [[Bocka Harinxma]] en de Snitsers tsjin de [[Ljouwert|Ljouwerters]] en har bûnsmaten de [[Grins (stêd)|Grinzers]]. De slach waard troch de Ljouwerters wûn.
 
== Eftergrûn ==
De stêd Ljouwert wie nei it [[bieroproer]] yn [[1487]] ûnder Skieringer ynfloed rekke en de haadling [[Worp Juckema]] hie it dêr foar it sizzen. Yn de rin fan 1492 kaam oan de posysje fan de Skieringers in ein doe't meente en gilde fan de stêd op eigen krêft de hearskippij wer yn hannen krigen. Sy roppen fuort de help yn fan de [[Grins (stêd)|Grinzers]] en nettsjinsteande ferset fan wichtige haadlingen slute de stêd Ljouwert har oan by it [[Dokkumer ferbûn]]. Dizze omkear brocht inkele Ljouwerter haadlingen derta har nei Bocka Harinxma en de [[Hottinga]]s fan Warkum te wenden foar help.
 
== De slach ==