Hendrik Bulthuis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Grou - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grou (plak)
Rigel 2:
 
== Skiednis fan it hurdsilen==
De âldst beskreaune wedstryd yn Fryslân wie op [[5 augustus]] [[1754]] doe't Aarnt Hanses, hospes yn De Jonge Prins te [[Grou (plak)|Grou]] in wedstryd fersile liet: ''Fleugel met Baltje, mits de Jachten niet boven 22 voet lang zijn''. It wiene yn dy tiid lykas by it keatsen faak kastleins dy't de wedstriden organisearren. Meast tusken fear- en beurtskippen lykas folle letter it [[skûtsjesilen]]. De gewoane man kaam nea oan hurdsilen ta. Op [[4 septimber]] [[1777]] waard bygelyks hurdsyld by [[Aldskou]]. De Snitser keapman Mintsje Wouters wûn dy wedstryd dêr't ek de steedhâlderlike famylje by wie te sjen. De priis wie in sulveren skearhout dat no yn [[Frysk Museum]] te sjen is.
 
== BM'ers ==
[[Ofbyld:BM-er by Grou. Sa.1927.jpg|thumb|250px|''BM-er op de foargrûn by [[Grou (plak)|Grou]],±1927'']]
As in frjemd skip foar de wâl lei rûn Pieter út de saak wei om te sjen. Hy koe eins net goed ha dat de sylboaten fan doe, meast gewoane [[skou]]wen de gruttere skippen net besile koe. Yn [[1928]] makke hy tekeningen en boude in boat dy't hy Burgumer Mar neamde, de BM'er. By it silen op de mar helle hy it midswurd omheech by de ûndjipten. It bliek dat de boat omraak sile woe. It brocht in revolúsje yn de jachtbou. De hûd fan in BM'er bestiet út lytse op inoar spikere latsjes. Se binne fêstmakke op mallen dy't sadwaande as spanten tsjinje, mar folle fierder útinoar stean. In soad minsken woene ek in BM'er. Foar Fl 100,- koe elk tekeningen, hout en in lape katoen keapje. Bulthuis hat syn rjochten nea fêstlein yn de foarm fan in oktroai. Der waard doe allinnich troch minsken mei jild syld en it wie Hendrik te dwaan om it silen foar de gewoane man te befoarderjen. Der kamen hieltyd mear BM'ers.