Ferdinand Domela Nieuwenhuis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Harns - Verwijzing(en) gewijzigd naar Harns (stêd)
Rigel 4:
Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard berne as ''Ferdinand Nieuwenhuis'', soan fan Ferdinand Jacobus Nieuwenhuis [[Evangelysk-Lutherkse Tsjerke|luthersk]] [[Dûmny|predikant]] en [[heechlearaar]] [[teology]], en Henriëtte Frances Beiry. Yn [[1859]] waard it de famylje Nieuwenhuis by keninklik beslút tastean de namme fan syn beppe har famylje, "Domela", foaroan harren namme ta te foegjen, dat dy famyljenamme net útstjerre soe.
 
Nei syn stúdzje teology waard er dûmny, yn [[1870]] yn [[Harns (stêd)|Harns]], yn [[1871]] yn [[Beverwyk]] en fan [[1875]] ôf yn [[De Haach]]. Yn dy tiid ferdjippe er him hieltyd mear yn de sosjale kwestjes en ferlear er stadichoan syn leauwen. Yn [[1879]] stoppe er mei syn wurk as dûmny.
 
Dat jier waard er lid fan de Haachske Sosjaal-demokratyske Feriening. Yn [[1882]] foarmen de Sosjaal-demokratyske Ferieningen it [[Sosjaal-Demokratysk Bûn]] (SDB), en keazen Domela Nieuwenhuis as skriuwer. Hy wie ek de redakteur fan ''Recht voor Allen'', it blêd fan it bûn. Faaks om't it bûn ûnder syn oanfiering oanwûn waard er yn [[1887]] ta seis moannen finzenisstraf feroardiele foar majesteitsskeinen, om't er in anargistysk artikel pleatst hie.