Joaden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Boalsert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Boalsert (stêd)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Harns - Verwijzing(en) gewijzigd naar Harns (stêd)
Rigel 17:
Yn de [[Frânske tiid]] wiene de Provisjonele Representanten fan Fryslân by de earsten dy’t har fersetten tsjin it útsluten fan joaden fan de nije boargerlike gelikens, dêr’t it Amsterdamske genoatskip ‘Felix Libertate’ tige wiis mei wie. Yn de [[19e ieu]] bliuwt it tal joaden tanimmen. Yn 1796 binne it der 630 (Ljouwert: 354); yn 1811 1018 (Ljouwert: 615); yn 1830 1555; yn 1879 it maksimum 2203 (Ljouwert:1114). Yn 1930 binne der noch 907 dêr’t nei de [[Twadde Wrâldkriich]] noch 120 fan oer bleaune.
 
Yn de 19e ieu wiene der joadske gemeenten yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Harns (stêd)|Harns]], [[De Gordyk]], [[Snits]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[It Hearrenfean]], [[Hylpen]] en [[De Lemmer]]. Yn 1930 wiene der noch seis en yn 1940 noch fjouwer gemeenten. De gemeente fan Ljouwert wie fierwei de grutste en ekonomysk wichtichste, dan folgen de gemeenten fan Harns en De Gordyk. Ljouwert hie fan sirka 1700 ôf de sit fan it opperrabbinaat, faak beset fan mannen dy’t wat te betsjutten hienen, sa as de rabbinen Berenstein, Löwenstamm en Dusnus. De bekende opperrabbyn [[Samuel Azarja Rudelsheim]] (1869-1918) hat ek yn Ljouwert stien.
 
== Literatuer ==