Aldehou (toer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw in keppeling opskood fan Ljouwert.
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Hoek - Verwijzing(en) gewijzigd naar Hoek (Ljouwert)
Rigel 5:
Op it [[Aldehouster Tsjerkhôf]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dêr't no de '''Aldehou''' stiet, stie sa likernôch om alvehûndert hinne in tufstiennen - dowestiennen hiet dat doe - tsjerke, dy't yn 'e [[13e ieu]] opfolge wurde soe troch it gruttere, út reade [[âlde friezen]] opboude tsjerke. Men kaam lykwols net fierder as it yngraven fan it [[fûnemint]].
 
Earst doe't yn [[1435]] de doarpkes [[Aldehou (doarp)]], [[Nijehou]] & [[Hoek (Ljouwert)|Hoek]] by mekoar rekken en sa de stêd Ljouwert ûntstie, kaam der al moai fluch ferlet fan in mânsker godshûs. Sa kaam der in trijebeukige, oan [[Sint Vitus]] wijde [[basilyk]] ta stân, dy't brûkt is oant [[1580]], doe't er by de [[reformaasje]] yn't ûnnut steld waard. De muorren dêrfan hawwe it lykwols noch oant [[1706]] ta útholden.
 
== Skiednis fan de toer ==