Willem Verf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan Tresoar
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 okt 2010 om 18.00

Willem Verf, ( Snits, 17 july 1949), is in politikus en Frysk skriuwer.

Groeide op yn Snits en folge nei it Bogerman Lyceum in oplieding oan de Sosjaal Pedagogyske Oplieding Middelloo yn Amersfoort. Nei syn stúdzje waard er foarmingslieder yn Beetstersweach en sette him mei syn frou ta wenjen yn Ikkerwâld, no Damwâld. Nei funksjes yn it jongerenwurk, de folwoeksenenedukaasje en de arbeidsbemiddeling, waard hy yn 1996 direkteur fan de Stichting Help en Wolwêzen Ljouwert (HWL). Waard lid fan de Politike Partij Radikalen (P.P.R.) en neidat dy partij opgien wie yn Grien Links fan dy partij. Fan 1994 - 2004 wie Verf fraksjefoarsitter fan Grien Links yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Neist syn wurk skreau er Fryske boeken.

Wurk

  • 1982 : It bliuwt pielen (roman)
  • 1983 : In delgeande tiid (ferhalebondel)
  • 1987 : Tiid fan libjen (roman)
  • 1993 : De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy (novelle: boekewikegeskink)
  • 2008 : It swijen net wurdich (roman)

Prizen

  • 1980 : Oanmoedigingspriis Rely Jorritsma-fûns foar manuskript It bliuwt pielen* 1984 : Fedde Schurer-priis foar In delgeande tiid en oare plysjeferhalen