Greve: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
stavering / interwiki
Aliter (oerlis | bydragen)
Soarten, ûntjouwing
Rigel 1:
'''Greve''' is in adelike titel.
 
EartiidsYn de Frankyske tiid wie in Greve in ambtstitel foar de heegste man fan ambtlik, juridysk en militêr gezag dy't keazen waard troch [[Karel de Grutte]]. De Grevegreve wie de offisjele fertsjinwurdiger yn it him tasein gebied. Meastentiids waarden de Greven beneamt út leden fan wichtiche famyljes en namen sy mei de biskoppen en abten diel oan de grutte ryksgearkomsten.
 
Der waarden fjouwer funksjes fan greven ûnderskieden:
; Goagreve : De fertsjinwurdiger fan de keizer yn in [[goa]], in part fan it lân.
; Boarchgreve : De militêre lieder oer in [[boarch]].
; Markgreve : De ferdigener fan in [[mark]], in grinslân.
; Paltsgreve : De bestjoerder fan in [[palts]], in keizerlik hof.
 
Yn de [[9e ieu]] waard de titel fan greve erflik, wêrmei de greve in lienman fan de keizer of kening waard. Yn de lette [[midsieuwen]] hienen de greven in grutte macht yn harren gebiet, faak kombinaasjes fan mear goaen dy't troch fererving in grutter greefskip foarme hienen. Oan de ein fan de Midsieuen waard de macht lykwols troch de lienhearen werom naam. Yn dizze keninkryken mei in sterk sintraal bewâld waard de greve ta net folle mear as in aadlike titel.
 
[[ca:Comte]]