Wânswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 27:
 
== Mienskip ==
Oant [[1974]] wiene der noch winkels en oant [[1983]] wie der in skoalle yn it doarp. Oerbleaun is in hechte doarpsmienskip. De Wânswerters besykje sa folle as it kin de doarpsferienings yn libben te hâlden. De ienigens blykt út aktiviteiten as toulûken, doarpsfeest, toanieljûn en fiskdagen. Yn de buorren stiet de âlde skoalle út [[1896]] meino it doarpshûs Eldorado. Ek [[Doarpsbelang]] hat hjir har gearkomsten.
=== Befolking ===
It ynwennertal fan Wânswert yn it ferline is net maklik nei te gean, om't [[Wânswert oan de Streek|de Streek]] der meastentiids by rekkene waard. Om 1840 hinne wienen der neffens [[Van der Aa]] 125 minsken dy't yn it doarp wennen.