Harry Potter and the Order of the Phoenix: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw de gearfetting oernaam fan Harry Potter. Mar mei dat wol, of is dat skeining fan it skriuwersrjocht?
Rigel 1:
'''Harry Potter and the Order of the Phoenix''' is in ingelskIngelsk boek skreaun troch [[J. K. Rowling]]. It is it fyfte part fan de sânrige oer [[Harry Potter]]. It boek beskriuwt it fyfte jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders. Sjoch foar 'e gearfêtting fan 'e ynhâld dizze side: [[Harry Potter]].
 
== Fryske oersetting ==
De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte troch [[Jetske Bilker]] by [[Utjouwerij Bornmeer]]. Hja wie ek de oersetster fan dat[[Harry Potter and the Philosopher's Stone|it earste diel]], en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan 'Harry Potter and the Order of the Phoenix' soe yn 't fryskFrysk likernôch 'Harry Potter en de Oarder fan 'e Feniks' wêze moatte.
 
== Film ==
Der is ek in film nei it boek útkomme, dy ''Harry Potter and the Order of the Phoenix'' hjit.
 
== Gearfetting ==
Harry's ferplichte simmerfakânsje by omke ''Vernon'' en muoike ''Petunia'' yn 'e ''Privet Drive'' is dit jier noch dreger as oare jierren: net allinnich wurdt er troch 'e Mûzema's wer âlderferskuorrendst behanneld, ek syn bêste freonen like him dizze simmer hielgear te negearjen. Harry fynt dat er eat dwaan moat, makket net út wat, om sa rap mooglik weromkeare te kinne nei Swiniastate's Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus. Mar dan fynt de fakânsje lykwols in ûnferwacht ein, en it wurdt sels ûnwis of Harry noch wol oan syn fyfte skoaljier op Swiniastate begjinne mei. Nuvere barrens steapelje harren op en Harry docht ûntdekkings dy't it him ûnmooglik meitsje rêstich te bliuwen...<br>
''Oersette omslachtekst fan 'e [['Nederlânsk|Hollânske]] ferzje fan it boek.''
 
[[Kategory:J.K. Rowling]]