Ferskil tusken ferzjes fan "Fryske Frijheid"

L
Bot - derby: stq:Fräiske Fraiegaid; tekstwiziging
L (Botgeholpen doorverwijzing: Grins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grins (stêd))
L (Bot - derby: stq:Fräiske Fraiegaid; tekstwiziging)
[[ImageOfbyld:Friesische Seelande um 1300.png|thumb|300px|De Fryske seelânnen.]]
{{Skiednis fan Fryslân}}
De '''Fryske frijheid''' wie de útsûnderingsposysje fan [[Fryslân]] yn it feodale Jeropa fan de [[midsieuwen]]. Dizze frijheid ûntjoech him oan 'e ein fan de [[11e ieu]] mei de delgong fan it [[Greefskip Mid-Fryslân]].
 
== It ûntstean ==
Yn de tiid fan de [[Karolingen]] wie harren ryk opdield yn yn lytse gebieten, wol [[goa|goaën]] neamd, dy't bestjoerd waarden troch in hear. Foar it meastepart wienen dat [[greve|greven]]n, dy't harren, úteinlik, ferantwurdzje moasten foar in kening. By de [[Friezen]] wie dat op in bepaald stuit lykwols oars. Sy bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels.
 
Oft dyselde situaasje ek gou foar de [[Romeinen yn Fryslân|Romeinske tiid]] is net dúdlik. Wol skriuwe de Romeinske boarnen al oer de Friezen as in folk dat yn minne omstannichheden libbet, mar de seinings fan it Romeinske ryk net wol, om't it dy betelje moat mei syn frijheid.
Oft dy frijheid in rjocht wie, of fuortkaam út omstannichheden sa min dat gjin hear der belang by hie, is ek net wis. Al is dúdlik dat dy frijheid op basis fan it [[Karelsprivileezje]] ek wier fêstlein is, al wurdt der no oannaam dat dat privileezje sels, at it bestien hat, in falsifikaasje west hat.
 
== Oarsaken en gefolgen ==
As wichtichste oarsaak foar it ûntstean fan dy frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens tsjinoer de lânshearen dat harren stadichoan ûntwikkele en op it ein fan de [[11e ieu]] as gefolch fan de hieltyd werom kearende twisten oer de greeflike rjochten.
 
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[Karelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]]. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de [[Magnusfane]]. In oare feklearing is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stêdbrannen fan de 15e ieu ferbaarne is.
 
== Ynhâld ==
It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsieuwen noch net dúdlik fan inoar skieden wienen, in gemis. Om dat gat op te follen waard besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen rigels fêst te lizzen. Ut ferskate omkriten kamen dêrfoar ôffeardigers geregeldewei by inoar by de [[Opstalbeam]] by [[Auwerk (stêd)|Auwerk]]. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd [[Grins (stêd)|Grins]].
 
In oar gefolch fan it ûntbrekken fan in direkt gesach wienen dat de partijstriid, de twisten lykas tusken [[Skieringers en Fetkeapers]], him yn Fryslân yn de laach fan de bestjoerders ôfspile, de [[haadling]]en, yn stee fan yn it laach fan hearskers. De twisten waarden dêrtroch yn Fryslân persoanliker, wat ek gearhong mei it rjocht op bloedwraak dat bestean bleaun is oant de [[Saksentiid|Saksyske tiid]].
 
== Ein ==
Oan de ein fan de [[Midsieuwen]] wie Fryslân yn alle gefallen wichtich genôch dat der in eigen groep fan [[eallju]] yn ûntstie, en dat ek de eallju fan bûten har each der op rjochten. Op himsels wie mei dy eigen Fryske eallju de frijheid al foar in grut part ferdwûn, mar as de formele ein fan de Fryske frijheid wurdt it gearkommen fan dy twa groepen eallju sjoen. Foar 1500 wienen de Fryske eallju al ûnderdiel wurden fan it feodale systeem, trochdat se sels feodale titels oannamen, of troch bûtenlânske machthawwers oerwûn waarden.
 
== Hjoeddeiske betsjutting ==
Sûnt dy tiid libbet der in sterke tradysje yn Fryslân fan de ferlerne Fryske frijheid. Mar it byld dêrfan feroaret dúdlik mei it feroarjen fan de tiden. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif ieuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de [[Friezen]] as selsstannich folk. Wat dy frijheid betsjut, hinget dêrmei ôf fan hoe't men dat folk telt.
 
== Literatuer ==
* {{aut|O. Vries}}, ''Het Heilige Roomse Rijk en de Friese Vrijheid'' (Ljouwert 1986)
* {{aut|M.P. van Buijtenen}}, ''De grondslag van de Friese vrijheid'' (Assen 1953).
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/20/ De Fryske frijheid yn de kanon fan de Fryske skiednis]
 
[[Kategory:Frysk gebiet]]
[[he:החופש הפריזי]]
[[nl:Friese Vrijheid]]
[[stq:Fräiske Fraiegaid]]
[[sv:Frisiska friheten]]
45.976

bewurkings