Fioele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:MyViolin.jpg|thumb|Fioele mei strykstôk]]
[[Ofbyld:Violin case.jpg|thumb|Fioele yn koffer]]
De '''fioele''' is in [[snaarynstrumint]] en [[strykynstrumint]] mei fjouwer [[Snaar (muzyk|snaren]]. De klank wurdt makke troch de snaren trilje te litten mei in [[strykstôk]]. De houten [[klankkast]] is der foar om it [[lûd]] fan de triljende snaren fuort te sterkjen. De fioele wurdt ornaris bespile troch it [[muzykynstrumint]] tusken kin en skouders te klemmenklamjen en mei de fingers fan de linkerhân de snaren tsjin de [[ebbenhout]]en toets te drukken om sadwaande de snaar lytser te meitsjen (en dus de [[toan]] heger klinke te litten.
De fioele wurdt bespile troch in [[fioelist]](e).
 
Rigel 12:
Yn'e fioelebou wurde trije perioaden ûnderskieden dy't te meitsjen hawwe mei de bouwwize:
 
1550-1780: de '''barokfioele''' of de fioele boud op'e ''âlde manier'': de hals mei de krol is faken in centimetersintimeter koarter as de moderne hals, mar der wie gjin fêste halslingte, der binne ek halzen bekend mei in moderne lingte. Dizze hals stiet rjoch tsjin de klankkast oan, hy is der gewoan tsjinoan spikere, meastentiids mei twa of trije spikers. Om de toets boppe de klankkast te krijen sit der tusken toets en hals in lytse wigge; de toets is meastentiids in twa,trije centimeter koarter as in moderne toets en wurdt faak makke fan fjurrehout, beklaaid mei in hurde houtsoarthoutsoarte. Faak wurdt der ek moai ynlizwurkynliswurk ynlein. Alle snaren wiene fan skieppeterm. Sa'n barokfioele klinkt sachter as in moderne fioele, hat ek mear boppetoanen. Alle ferneamde bouwers út it ferline, lyk as Stradivari en Guarneri bouwden harren fioelen op dizze manier.
 
Om ende by 1780 begjint men yn Parys de bou te feroarjen: men wol mear folume hawwe, dus moat de spanning fan' e snaren heger wurde. Om dy reden begjint men de hals en de toets langer te meitsjen en set de hals yn in lichte hoeke tsjin de kast oan. Ek begjint men de hals yn te litten yn it boppeste halskloske, sadat de hals mear spanning hawwe kin. Under it boppeblêd siet fan âlds de sjongbalke, in balkje fan sa', 23 cm lang, om ende by 7 mm dik en sa'n 8 mm heech; dizze sjongbalke makket it boppeblêd sterker en ferspriedt it lûd oer it boppeblêd. Dizze sjongbalke waard no langer makke, oant 27 cm ta, dikker en heger, wol oan 12 mm ta. De toets waard no ek makke fan ebbehout, sûnder wigge. De kaam waard ek wat heger makke. Troch dizze feroarings klonken de fioelen lûder en koene de nije iepenbiere konsertsealen better bespylje. Sa'n fioele neamt men in " oergongsfioele".
 
Nei 1800 wurdt de hals wat heger boppe de klankkast setten, sadat de toets en de kaam ek wat heger wurde en men begjint ek mear te eksperimentearjen mei snaremateriaal. Sa wurdt de fioele hjoedtedei noch boud. Alle âlde ynstruminten út de 17de en 18de ieu dy' 't de muoite wurdich wiene, binne op dizze wize ferboud en oanpast: de hals waard langer makke wêrby' t de âlde krulkrol wer oan' e nije hals setten waard: de krul foarmet ommers ek de hântekening fan' e bouwer.
Sa is it ynstrumint wêzenlik fan karakter feroare, in Stradivari klinkt dus oars as yn de tiid fan Stradivari sels. Hjoedtedei wurde der ek wer fioelen boud mei de barokke foarm en sa kin men dus sizze dat sa'n nije barokfioele klinkt as in âld ynstrumint en it âlde ynstrumint dat feroare is, as in nij ynstrumint!
 
Rigel 42:
* De klankkast, it wichtichste ûnderdiel, om de klank fan de snaren goed útkomme te litten.
* De hals, it stik dêr't de swarte [[toets]] sit, dêr't de fioelist de fingers op set.
* De krulkrol, it wurd seit it al, in krulfoarmichkrolfoarmich stik oan de útein fan de hals. Dy is eins net fan belang foar de klank, mar is in ôfwurking foar it each dat ek wat wol. Frjemd dat it altyd in krulkrol is, oare foarmen sjocht men komselden.
* It kinstik, in ûnderdiel dêr't de spiler it kin op rêste lit. It kin fan keunststof of fan hout wêze, ek binne der ûnderlinge ferskillen, it iene sit mear oan de sydkant, en guon sitte yn 'e midden, soks hinget ôf fan de kar fan de bespiler.
* It sturtstik, dat giet ûnder it kinstik troch, en sit dêr ek fêst. Op it sturtstik sitte meast sekuerstimmers, om in snaar in fraksje ferheegje te kinnen. Om de fioele gewoan te stimmen wurde de stimknoppen brûkt, dy't foar de krul sitte.