Ålâneilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: {{wurk}} De Ålandseilannen foarmje in arsjipel yn de Baltyske See. De eilannen lizze oan de yngong fan de Botnyske Golf en foarmje in autonoom, demilitarisearre, ientalich Sweedske regi...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 19 okt 2010 om 13.12


De Ålandseilannen foarmje in arsjipel yn de Baltyske See. De eilannen lizze oan de yngong fan de Botnyske Golf en foarmje in autonoom, demilitarisearre, ientalich Sweedske regio fan Finlân. De arsjipel foarmet de lytste regio fan Finlân, mei mar 0,49% fan it oerflak fan it lân en mar 0,50% fan de Finske populaasje.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Åland omfiemet it Fasta Åland (it Haadeilân, mei 90% fan de ynwenners fan Åland), en in arsjipel besteande ut 6.500 skearen en eilannen. Fasta Åland is skieden fan de kust fan Sweden troch 38 kilometer iepen wetter nei it westen ta. Yn it easten leit de Åland arsjipel tsjin de Finske Skearensee oan. Ålands ienige lângrins leit op de ûnbewenne skear Märket, wat dield wurdt mei Sweden.

Autonomy fan Åland

De autonome status fan de eilannen waard fêstlein troch in beslissing fan de Folkebûn yn 1921, wêrop de Ålandkrisis folge. Dit waard op ‘e nij befêstige yn it ferdrach wêryn Finlân by de Europeeske Uny kaam te hearre. Åland is by wet neutraal en folslein demilitarisearre, ynwenners binne frijstelt fan tsjinstplicht foar it Finske leger. De eilannen hawwe wiidweidige foech krigen foar selsbestjoer troch it Parlemint fan Finlân yn de Wet op de Autonomy fan Åland fan 1920, dy’t letter ferfong waard troch nije wetjouwing yn 1951 en 1991.

Etymology

Neffens in teory wie de oarspronklike namme fan Åland Germaansk, Ahvaland, wat Lân fan wetter bestjut. Yn it Sweedsk ûntwikkele him dit ta Áland en letter in Åland, letterlik oersetten “rivierlân”, alhoewol’t rivieren net in karakteristyk fan Ålands geografy foarmje. De Finske namme fan de eilannen, Ahvenanmaa (Bearslân), komt nei alle gedachten fan in oare âlde namme.

In oare teory seit dat de Finske namme Ahvenanmaa de oarspronklike namme fan de arsjipel is, wêrfan de Sweedske namme ôflaat is.

Geografy

Algemien

Åland bestiet út likernôch 6.700 eilannen en skearen en foarmet in arsjipel oan de súdkante fan de Botnyske Golf en yn it noardlike part fan de Eastsee. Åland leit likernôch 40 kilometer fan de kust fan Sweden en 15 kilometer fan de Finske kust. It haadeilân Fasta Åland, mei likernôch 90 prosint fan it folsleine ynwennertal fan de provinsje en 70% fan it lânoerflak[1], leit yn it westen, op 40 kilometer fan Sweden en hûndert kilometer fan Finlân.

De eilannen hawwe in lânoerflak fan yn totaal 1.553 kante kilometer. Mei it wetteroerflak fan de Eastsee derby omfiemet it gebiet 13.517 kante kilometer. Op de Ålandseilannen wenje likernôch 27.734 minsken, ferspraat oer 65 eilannen.[2]

Geology

De eilannen fan Åland besteane foar it measte part út metamorf en magmastiente. Se fan prekambryske âlderdom (likernôch 1,6 miljard jier) en behearre ta it Baltyske Skyld. It eastlike part bestiet út gneis. Op it haadeilân en de omkriten dêrfan fine hja granyt. Bekend by geologen is de op de eilannen foarkommende readêftige granytsoarte Rapakiwi.

It lânskip waard troch de gletsjers yn de Iistiid foarme. Karakteristyk binne de roches moutonnées en de skearen. Yn de lêste Iistiid waard it lân troch de iismassa folslein ûnder de seespegel drukt, wêrtroch nei it ranen fan de gletsjer de eilannen folslein troch wetter oersljochte waard. Sûnt 13.000 jier hat it lân him omheech wurke út de see, begjinnend mei it heechste punt fan Åland de Orrdalsklint. Yn de rin fan de tiid stige it lân hieltyd fierder wêrtroch mear en mear eilannen en skearen ûntstienen. Dit proses set him ek hjoed de dei noch troch; Åland stiget mei in gong fan likernôch 7 milimeter it jier.

Troch it ôfsetten fan sedimint, benammen fynsân en sylt, yn grutte mannichten (inkele meters), is hjoed de dei lânbou mooglik op de eilannen.

Klimaat

It klimaat op Åland is yn fergelyk mei it Sweedske en Finske fêste lân tuskenbeiden. De Eastsee ferwaarmet yn de winter de kâlde noardeastlike wyn en koallet yn de simmer de waarme súdeastewyn. De jierlikse delslach leit trochsneed om de 551 milimeter it jier en is dêrmei minder as yn Sweden en Finlân.

De jierlikse trochsneedtemperatuer is 5,5 graden Celsius. De heechste temperatuer ea mjitten is 31,3 graden Celsius, de leechste is -32,4 graden Celsius.

Floare en fauna

Åland beheard ta de fegetaasjesône fan it Taiga. Njonken de oerhearskjende dinne- en spjirrebeammen kinne hja der ek leafbeammen, yn it bysûnder iken, essen, iepen en beltsje- en linebeammen fine. Op de eilannen waakse ek orchideeën, wêrfan de measten ûnder de likernôch 50 beskerme planten behearre.

Yn Åland binne 25 sûchbistesoarten, wêrûnder in soad nachtbisten, mar ek reeën en reaharten. Troch de lokaasje fan de eilannen en it relatyf sêfte klimaat is der in wiidweiderige fariaasje oan fûgels dan op it Finske fêste lân. Op de eilannen briedsje mear as 130 fûgelsoarten, wêrûnder bedrige soarten wetterfûgels as de jolling. De See-earn dy’t healwei de 1970’s yn gâns heul Finlân útstoarn wienen, kinne nei slagge beskermings- en werlokaasjeprojekten, wer yn grutte mannichten sjoen wurde yn Åland. It jachtwyld útsein binne al bisten op Åland beskerme.

Skiednis

Orrdalsklint en Långbergen yn Saltvik, de heechste bergen fan Åland, begûnen mei steigen út de Baltyske See (doe de Yoldia See) likernôch 13.000 jier lyn. De âldste argeologyske fynsten dy’t de oanwêzigens fan minsken bewize represintearje de Comb Ceramic kultuer en geane werom oant 4000 foar Kristus. Om 2500 foar Kristus hinne begûn de Pitted Warekultuer him te ûntwikkeljen yn Åland. Fan likernôch 1800 foar Kristus wurde fynsten fan de Kiukais kultuer dien.

Yn it tiidrek 1300 oant 1600 wie it Kastelholm Kastiel it plak dêr’t in soad striid en plonderings plak hienen. Fan 1714 oant 1721 waard Åland oanfallen en fernield troch it leger fan Peter de Grutte; it meastepart fan de befolking flechte yn dy tiid nei Sweden.

De Ålandseilannen wienen part fan it lân dat ôfstien waard oan Ruslân troch Sweden ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Frederikshamn yn septimber 1809. Lykas alle oare parten fan Finlân, waard de arsjipel part fan it semy-autonome Grutfoarstendom Finlân.

Yn de tiid fan dit proses slagge Sweden der net yn betingsten binnen te heljen om de eilannen net te fortifisearje. Dizze kwestje wie net allinnich wichtich foar Sweden, mar ek foar it Feriene Keninkryk, dy’t benaud wienen dat in militêre macht op de eilannen Grut Brittanjes feiligens en kommersjele belangen yn gefaar brochten.

Yn 1832 begûn Ruslân mei de fortifikaasje fan de eilannen mei it grutte fort fan Bomarsund. Dit waard yn 1854 oermastere en ferneatige troch in alliânsje fan Britske en Frânske striidmachten as ûnderdiel fan in militêre kampanje yn de Baltyske See yn de tiid fan de Krym Kriich. Yn it Ferdrach fan Parys (1856), waarden de folsleine Ålandseilannen demilitarisearre.

Mei de Finske Boargerkriich, yn 1918, ynterveniearre it Sweedske leger yn in fredesoperaasje tusken de Russyske troepen stasjonearre op de eilannen en “Wite” en “Reade” Finske soldaten dy’t fan Finlân kamen oer de befearzen see. Skiedkundigen sizze lykwols dat Sweden it yn it sin hie om de eilannen sels te oermasterje. Yn in pear wike tiid jûge it Sweedske leger romte oan it Dútske leger dy’t de Ålandseilannen op fersyk fan de “Wite” (konservative) Finske senaat.

Nei 1917 woenen de ynwenners graach dat de Ålandseilannen by Sweden kamen te hearren. In petysje foar ôfskieding fan Finlân waard troch 96,2% fan de eilannen harren folwoeksen bewenners ûndertekene, lykwols waarden letter al fraachtekens setten by dit bûtengewoan hege persintaazje. It Sweedske nasjonalisme waakse bot nei dat anti-Sweedske gefoelens yn Finlân tanamen, Finsk nasjonalisme waakse by Finlâns ‘gefjocht’ om autonomy te krijen en it Finske ferset tsjin de Russifikaasje fan Finlân. Dêr by kaam it konflikt tusken de Sweedsktalige minderheid en de Finsktalige mearderheid (op it fêste lân), dy’t sûnt de 1840’s in wichtige rol spilen yn de Finske polityk, droegen by oan it ferset fan Åland.

Finlân woe it lykwols net hawwe harren grûn ôf te stean en beanen de Ålandseilannen in autonome status oan. Dochs wienen de ynwenners net te sprekken oer it oanbod, en de striid waard foarlein oan it Folkebûn. It Folkebûn besleat letter dat Finlân harren soevereiniteit oer it gebiet behâlde koe, mar dat de Ålandseilannen in autonoom gebiet wurde moasten. Dat Finlân wie der ta ferplichte om de ynwenners fan de Ålandseilannen it rjocht op de Sweedske taal, lyk as harren kultuer en lokale tradysjes te behâlde. Yn deselde tiid waard yn in ynternasjonaal ferdrach fêststeld dat Åland in neutraal gebiet wie, wêrtroch it ferbean waard militêre ynstallaasjes of manskippen op de eilannen te festigje.

Yn de rin fan de 20e ieu sêgen gruttere mannichten ynwenners fan Åland de foardielen yn fan it wêzen fan in Finske autonoom gebiet. De kombinaasje fan teloarstelling oer net genôch stipe fan Sweden yn it Folkebûn, Swedens disrespekt foar Åland demilitarisearre status yn de 1930’s en in dielde fielings yn de tiid fan en nei de Twadde Wrâldkriich hawwe de persepsje fan de eilanners feroare fan “in Sweedske provinsje ûnder Finsk bewâld” nei “in autonoom gebiet fan Finlân”. De eilanners profitearren fan de feiligens op see yn de Twadde Wrâldkriich, omdat harren keapfardijskippen foar sa wol de alliearde lannen as Dútslân farren. De skippen fan Åland waarden net oanfallen, omdat beide kanten mar inkeldris wisten wat der ferskipt waard.

Polityk

De Ålandseilannen wurde bestjoerd neffens de Wet op de Autonomy fan Åland en ynternasjonale ferdragen. Dizze wetten garandearre de autonomy fan de eilannen fan Finlân, dy’t folsleine soevereiniteit oer it gebiet hawwe, en de demilitarisearre status fan Åland. De oerheid fan Åland, of wol Landskapsregering, moat harren ferantwurdzje tsjinoer it Parlemint fan Åland, of wol Lagting, yn oerienkomstich de prinsipes fan parlemintarisme. Foar de Lagting wurdt alle fjouwer jier mei algemiene ferkiezings stimt.

Åland hat harren eigen flagge, hat harren eigen postsegels sûnt 1984, hat in eigen polysjekorps en is sûnt 5 septimber 2007, mei it ûndertekenjen fan it Ålanddokumint, lid fan de Noardske Rie. Sûnt 2005 hawwe de Ålandseilannen harren eigen loftfeartmaatskippij, Air Åland. De eilannen binne demilitarisearre en de ynwenners binne frijstelt fan de tsjinstplicht. Alhoewol’t Ålands autonomy earder barde as it meitsjen fan de regio’s fan Finlân, hat de autonome oerheid fan Åland ek de ferantwurdlikheid foar de funksjes dy’t yn hannen binne fan de regionale bestjoeren fan Finlân. Åland is ien fan de leden fan de Small European Postal Administration Corporation.

Nei de ferkiezings fan oktober 2007 sjocht de ferdieling fan it Parlemint fan Åland der sa út:


Ferhâlding mei Finlân

Åland nimt lykas alle oare regio’s fan Finlân diel oan de algemiene ferkiezings dy’t yn Finlân hâlden wurde, yn it bysûnder de ferkiezings foar it Finske parlemint, ferkiezings foar it Europeeske parlemint en oan de presidintsferkiezings. Foar de ferkiezings foar it Finske parlemint foarmet Åland in eigen kiesdistrikt. De Ålandseilannen binne wis fan reprisintaasje yn it Finske parlemint, wêryn’t hja ien ôffeardige hawwe. Sûnt de ferkiezings fan 2007 sit foar Åland Elisabeth Nauclér yn it parlemint.

Regionaal boargerskip of it rjocht op húsfêsting is in eask foar it rjocht om te stimme of om kandidaat te wêzen yn ferkiezings foar de wetjouwende macht, om ûnroerend guod te besitten en sûnder beheining oan it wurk te kennen op Åland. It Ålandske steatsboargerskip kin allinnich oan Finnen jûn wurde dy’t teminsten fiif jier efter elkoar yn Åland wenje en dy’t de Sweedske taal machtich binne.

As ferbiningsorgaan tusken it nasjonale regear en de autonome provinsje fungearret de Ålandbordnung (Ålanddelegaasje).

Gemeenten fan Åland

Åland bestiet út 16 gemeenten, dy’t wer ûnderferdield binne yn trije sub-regio’s; Mariehamn (Mariehamns stad), it plattelân (Ålands landsbygd) en de arsjipel (Ålands skärgård).

....

Ekonomy

Algemien

De ekonomy fan Åland linet benammen op de ferskipping, hannel en toerisme. Ferskipping makket 40% fan de ekonomy fan Åland út, mei guon ynternasjonale bedriuwen dy’t bestjoerd wurde fan Åland út. De measte bedriuwen njonken de ferskipping binne lyts, mei minder as tsien wurknimmers. Buorkjen en fiskerij binne wichtich yn kombinaasje mei de fiedselyndustry. In pear technology bedriuwen drage by oan in sûne ekonomy.

De ekonomy fan Åland bestiet foar in grut part út lytse en middellytse ûndernimmings. Yn de provinsje binnen likernôch 2.600 bedriuwen aktyf. Fan dizze bedriuwen binne likernôch 700 tradisjonele lânboubedriuwen. Wurkleasheidspersintaazjes binne tige leech op de eilannen, it beheard ta de leechsten fan Europa. Yn septimber 2007 lei it persintaazje op 2,0%. Fanwegen de grutte rol fan it toerisme foar de ekonomy daalt de wurkleasheid yn dizze tiid noch fierder. Yn de simmer leit it wurkleisheidspersintaazje regelmjittich op it leechste nivo fan Europa.

De wichtichste havens fan Åland binne dy fan Mariehamn, Berghamn en Långnäs.

Mariehamn wie de basis foar de lêste grutte kommersjele sylskippen op de wrâld. De lêste taken wienen it bringen fan Australysk weet nei Grut-Brittanje, wêrmei eigner Erikson troch gie oant nei de Twadde Wrâldkriich, mei 1947 as lêste jier. De skippen makken ien trip fan Súd-Austraalje nei Brittanje yn it jier, nei eltse maraton waard nei Mariehamn fart foar in pear moanne rêst. It skip Pommern, hjoed de dei in museum yn Mariehamn, wie ien fan de lêste boaten.

It ôfskaffen fan de belestingfrije ferkeap op fearboaten dy’t farre tusken bestimmingen yn de Europeeske Uny soarge derfoar dat Finlân in útsûndering meitsje moast foar de Ålandseilannen op de Omsetbelêstingswetten fan de Europeeske Uny’s. De útsûndering giet op foar belestingfrije ferkeapen op de fearboaten tusken Sweden en Finlân (wêrby’t se in stop meitsje moatte yn Mariehamn of Långnäs) en op it fleanfjild. Konsekwinsje is ek dat Åland in oare belestingssône wurden is, wat betsjut dat tariven heft wurde moatte op guod dat nei de eilannen brocht wurdt.

De Finske Steat garret belestingen, heffingen en bekeurings yn Åland. Yn ruil dêrfoar stelt de Finske oerheid in bedrach oan it parlemint fan Åland beskikber. Dit bedrach komt del op 0,45 prosint fan it totale ynkommen fan de oerheid, útsein oerheidslienings. Yn 2006 kaam dit bedrach út op 182 miljoen euro.

Neffens Eurostat, wie Åland yn 2006 de 20e woltierichste regio fan de 268 Europeeske regio’s en it rykste yn Finlân, mei in bruto binnenlânsk produkt de ynwenner fan 47 persint boppe it trochsneednivo fan de Europeeske Uny. Åland krijt de grutste mannichte oan steatssubsydzjes fan alle Finske regio’s, yn totaal likernôch 4.000 euro de ynwenners mear dan de Ålanders betelje oan steatbelestings.

Wylst de offisjele muntienheid de euro is, wurdt de Sweedske kroan ek wiidweidich brûkt op de eilannen.

Demografy

= Taal

De measte ynwenners fan Åland hawwe Sweedsk as memmetaal, dit giet op foar 90,2% fan de minsken yn 2009. 5.0% fan de minsken hat it Finske as memmetaal. Op de skoallen op de Ålandseilannen wurdt yn it Sweedsk ûnderrjocht jûn.

Oer de kwestje fan de etnisiteit fan de Ålanders en de taalklassifikaasje fan it Åland-Sweedsk binne hja it noch net iens. Guon minsken beskôgje harren as etnyske Sweden, oaren as Sweedsktalige Finnen, mar harren taal is nauwer besibbe mei de dialekten yn Sweden dan mei it Finsk-Sweedsk dat op de fêste wâl fan Finlân sprutsen wurdt.

Religy

94,8% fan de minsken dy’t in leauwe oanhingje binne lid fan de Evangelyske Luterske Tsjerke fan Finlân. De Ålandseilannen hearre sûnt 1923 ta it bisdom Porvoo, dat de Sweedsktalige mienskippen fan Finlân fersoarget.

In minderheid fan 0,6 prosint is lid fan in Frije Tsjerke of fan in oar leauwe (Jehova: 0,18 prosint, Roomsk-Katolyk: 0,14 prosint, Gryksk Ortodoksk: 0,06 prosint, Advintisten: 0,05 prosint en oar: 0,18 prosint).

It tal net-leauwigen waakse fan 4,7 prosint yn 1990 nei 10,4 prosint yn 2005.  

  1. [ http://www.islandgames.net/cms/member_profile_11989.html Member profile Åland], Islandgames.net (sjoen op 19 oktober 2010)
  2. [ http://www.islandgames.net/cms/member_profile_11989.html Member profile Åland], Islandgames.net (sjoen op 19 oktober 2010)