Ålâneilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Åland; tekstwiziging
Rigel 231:
 
Wylst de offisjele muntienheid de [[euro]] is, wurdt de [[Sweedske kroan]] ek wiidweidich brûkt op de eilannen.
 
=== Ferfier ===
==== Dyken ====
Åland beskikt oer in goed wegennetwurk dy’t benammen wurdearre wurde troch fytsers. Der binne gjin spoarwegen op Åland, mar der binne bustsjinsten fan Ålandstrafiken dy’t oanslute op de fearboaten nei oare eilannen fan Åland.
 
Reau dy’t registrearre stean yn Åland hawwe nûmerplaten mei blauwe letter, startende mei ÅL.
 
Åland beskikt oer in ticht wegennetwurk fan in lingte fan yn totaal 912,7 kilometer, wêrfan 646,8 kilometer tarredyk is.
 
==== See ====
Fearboaten fan Viking Line en Tallink Silja dy’t farre tusken Helsinki, Turku, Tallinn en Stockholm stopje ûnderweis yn Åland, yn de havens fan Mariehamn of Långnäs. Njonken dat it goeie transportferbinings opleveret, soarget it ek foar de ferkeap fan belestingfrij alkohol, tabak, ensfh. oan board fan de skippen. Dit kin neffens de betingsten fan it ferdrach wêrop Finlân ta de Europeeske Uny tatrêden is. Wol moatte skippen dan oanlizze yn ien fan de havens op Åland.
 
In netwurk fan fearboaten, fan rederij Ålandstrafiken, soargje foar ferbinings tusken de eilannen fan Åland ûnderling. Ek fersoarget de rederij tsjinsten nei de havens fan Galtby en Osnäs yn Finlân.
 
Eckerö Linjen fersoarget in fearboattsjinst tusken Eckerö, Åland en Grissleham yn Sweden.
 
Seetransport is in wichtich ûnderdiel fan de Ålandske ekonomy, de bedriuwstak soarget foar in soad wurk yn Åland.
 
==== Loft ====
Yn 2005 waard ûnder rezjy fan it Ålandske regear mei wiidweidige stipe fan de lokale ekonomy in loftfeartmaatskippij stifte, Air Åland. Air Åland fleant alle dagen fan Fleanfjild Mariehamn nei Fleanfjild Helsinki-Vantaa en alle wurkdagen nei Fleanfjild Stockholm-Arland en werom. Turku Airlines fleand trije kear de werkdei nei Turku mei in Piper PA-31 Navajo.
 
== Demografy ==