Ferskil tusken ferzjes fan "Skear"

57 bytes grutter ,  10 jier lyn
ôfbyld der by
L (Bot - derby: uk:Шхери)
(ôfbyld der by)
[[Ofbyld:Skerry in shallow water.jpg|thumb|right|''In skear yn ûndjip wetter foar de kust fan it eilân Krøttøy yn Noarwegen.'']]
[[Ofbyld:SchärenTurku.jpg|thumb|right|In loftfoto''Loftfoto fan de skearekust by Turku, Finlân''.]]
[[Ofbyld:Archipelago062009.jpg|thumb|right|''Argipel'']]
 
In '''skear''' is in lyts rotseilantsje, ornaris te lyts om op te wenjen. It kin sels allinnich út ien stik rots bestean. Skearen binne ûntstean yn de [[iistyd|iistiden]] yn ferskate gebieten fan it [[noardlik healrûn]].
 
Yn de stúdzje fan de [[geomorfology]] wurde de skearen tegearre mei de holmen (gruttere, ticht beboske eilannen) by de saneamde ''roches moutronnees'' rekkene. Dat is in oerkoepeljend wurd foar rotseftige lânskipsfoarmen dy’t troch de glasiale eroazje ûntstean binne. Lykas [[fjord]]en is de skearekust ûntstien yn iistiden. Nei it fuortranen fan de grutte iismassa’s binne de rotsformaasjes, dy't lykas de oare parten fan it lân ûnder de tige grouwe iislaach sieten, yn de lêste 10.000 jier wer boppe de [[seespegel]] kaam as lytse eilantsjes. It geologyske proses fan lânoptilling yn bygelyks Skandinaavje giet noch hieltyd troch, wêrtroch de lytse eilantsjes oangroeie bliuwe. Gruttere skearen kinne in oerflak fan in pear kante kilometers berikke.
 
== Foarkommen ==
Skearen komme foar op it noardlik healrûn. Se komme foar by it [[Skagerrak]], de [[Eastsee]], en de [[Botnyske Golf]] lâns en yn it noarden fan [[Ruslân]], bygelyks by it [[Tajmyr-skiereilân]]. Ek binne yn Ruslân de [[Mininaskearen]] yn de [[Karasee]]. Ferneamd binne de skearen fan [[Bohuslän]] oan de [[Sweden|Sweedske]] westkust, de skearen fan [[Stokholm]] oan de Sweedske eastkust, en fan [[Turku]] oan de [[Finlân|Finske]] súdwestkust. Ek yn [[Noarwegen]], dat benammen ferneamd is om syn fjorden, binne oan hast de hiele kust skearen te sjen.
 
56.977

bewurkings