Ferskil tusken ferzjes fan "Willibrord"

17 bytes grutter ,  9 jier lyn
L
Botgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Swin - Verwijzing(en) gewijzigd naar It Swin (Brugge)
L (Bot - oars: pl:Wilibrord apostoł Fryzów; tekstwiziging)
L (Botgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Swin - Verwijzing(en) gewijzigd naar It Swin (Brugge))
Doe't Willibrord 20 jier âld wie, gong er fuort nei it "Eilân fan de Hilligen", ([[Ierlân]]). Dêr moast er him ûnderwerpe oan tige stringe tucht yn it kleaster fan Rathmelsigy. Hy waard yn [[688]] as [[preester]] wijd. Fûl mei de geast fan "[[peregrinatio]]", en mei de winsk om de heidenkse folken fan dy tiid te bekearen, stiek hy yn [[690]] mei alve maten oer nei it Jeropese festelân. Hy kaam oan lân by [[Katwyk]] en ferkundigde dêr it evangeelje oan de [[heidendom|heidenske]] [[Friezen]].
 
Yn 690 reizge er mei tolve oaren, werûnder [[Werenfried fan Elst]], nei de Fryske kening [[Redbad]] om syn foarbyld Jesus Kristus te folgjen dy't ek omreizge om de blide boadskip te ferkundigjen. Hy besocht it heidenske [[Fryske ryk]] dat fan de [[Weser]] (Noard-[[Dútslân]] oant de [[It Swin (Brugge)|Swin]] yn [[Belgje]] rûn. It [[Fryske heidendom]] waard krekt as by oare [[Germanen|Germaanske]] folken sterk bepaald troch natuerferearing, mei hillige beammen en stiennen en wetter as libbensboarne. Yn de ûnstiene [[leginde]]n oer de apostel spilen de wetterboarne en putten in wichtige rol, omdat Willibrord tsjinoer de natueurferearing fan de Friezen Kristus sette as ienige en ivige boarne.
Yn tsjinstelling ta de [[missionaris|missymetoade]] fan de [[Ierlân|Iersk]]-[[Skotlân|Skotse]] muontsen, dy't by de evangelysaasje gjin systeem brûkten, organisearre Willibrord syn missy tige pragmatysk en goed trochtocht. Sa socht hy earst de beskerming by [[Pippyn II]], dy't de Fryske kening Redbad oer de [[Ryn]] ferdreaun hie, en fersekere er himsels fan de pauslike goedkarring doe't er nei twa swiere reizen yn [[695]] yn [[Rome]] oankaam. Hy waard troch [[Paus Sergius I]] as [[aartsbiskop]] fan de Friezen wijd, wêrby [[Utert (stêd)|Utert]] him tawiisd waard as syn haadsit.
12.360

bewurkings