Baukje Wytsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: It Wâld - Verwijzing(en) gewijzigd naar It Wâld (kabaret)
Rigel 4:
Har earste wurk bestie út bernepoëzij en ferskynde yn [[1976]] yn de bondel ''Romke Timen Tomke''. De ferskes ûntstienen neist har wurk as skoaljuffer. Se skreau ek berneboeken en die mei oan bernefoarstellingen. Yn har dichtwurk komme de grutte tema’s yn de poëzij oan de oarder lykas leafde, dea, fergonklikens en de ivige striid tusken dream en realiteit. Yn [[2006]] skreau se it Boekewikegeskink ''De Stien''.
 
Njonken it skriuwen fan poëzij en berneboeken makket Baukje Wytsma, dy’t ek as sjoernaliste wurket, yn opdracht fan tal fan Fryske sjongers lietteksten foar cd’s en teaterprogramma’s. Ek foar kabaretselskip [[It Wâld (kabaret)|It Wâld]] hat se skreaun. Lietteksten hat se skreaun foar [[Anneke Douma]], [[Frederike Kleefstra]], [[Roel Slofstra]] en [[Douwe Heeringa]].
 
Boppedat wie se belutsen by eveneminten as [[Simmer 2000]]: Se is de tekstdichter van het Simmer 2000 liet dat songen waard troch [[Maaike Schuurmans]], [[Rients Gratama]], [[Piter Wilkens]] en [[Syb van der Ploeg]]. Ek wie se aktyf by it evenemint rûnom de PC yn Frjentsjer.