Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Jelle Troelstra - Verwijzing(en) gewijzigd naar Jelle Troelstra (skilder)
Rigel 3:
Tsien jier letter koe it FLMD ferhúzje nei in eigen pand, Grutte Tsjerkestrjitte 20, fuort by de Fryske Akademy. Scholten gie mei pensjoen en waard opfolge troch [[Freark Dam]]. Mei syn assistint [[Sibe van der Meer]] boude hy it FLMD út ta it sintrum foar de Fryske literatuer. Doe't yn 1977 it eardere wenhûs fan [[Mata Hari]], Grutte Tsjerkestrjitte 28 (no: 212) yn gebrûk nommen wurde koe, krige it museum pas echt de fuotten ûnder it gat. Der koe mei subsydzje fan it ministearje van WVC en fan de Provinsje Fryslân mear personiel oanlutsen wurde.
 
Yn 1980 koe it hûs njonken it museum ynrjochte wurde as de [[Troelstra Samling]], mei in permaninte eksposysje oer [[Piter Jelles Troelstra]] en syn earste frou Sjoukje M.D. Bokma de Boer, better bekend as [[Nynke fan Hichtum]]. Ek oan oare leden fan de Troelstra-famylje waard omtinken jûn, sa as de soan en de broer fan Piter Jelles, keunstskilder [[Jelle Troelstra (skilder)|Jelle Troelstra]] en de dichter fan ''Morgenrood'' en ''Aan de Strijders'' [[Dirk Troelstra]].
 
Yn 1986 waard Freark Dam opfolge troch [[Tineke Steenmeijer]]. Yn 1990 waard it museum útwreide mei in modern depot en it Skriuwershûs, dêr't gearkomsten en kursussen hâlden wurde koene.