Fandaalsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: es:Idioma vándalo
fw
Rigel 5:
eigen namme = ? |
sprutsen yn = n.f.t. (útstoarn) |
taalgebiet = de Romeinske provinsje [[Afrika (Romeinske provinsjeryk)|Afrika]], it noarden fan it hjoeddeiske [[Tuneezje]], [[Algerije]] en [[Marokko]] |
tal sprekkers = gjin | teljier = n.f.t. |
dialekten = Asdingsk, Silingsk |
Rigel 18:
It '''Fandaalsk''' is in útstoarne taal, dy't diel útmakket fan 'e [[Eastgermaanske talen|Eastgermaanske taalkloft]]. It waard sprutsen troch de [[Fandalen]], in folk dat yn 'e earste ieu nei Kristus mei de oare Eastgermaanske folken weiteach út harren stamlân yn [[Skandinaavje]] en nei jierrenlange omswalkings in keninkryk fêstige yn 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] provinsje [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]], dy't it noarden fan it hjoeddeiske [[Tuneezje]], [[Algerije]] en [[Marokko]] omfette.
 
It Fandaalsk wie nau besibbe oan 'e oare Eastgermaanske talen, lykas it [[Goatysk]] en it [[Boergondysk]]. Nei gedachten wienen der twa dialekten, it [[Asdingsk]] en it [[Silingsk]], korrespondearjend mei de twa stammen fan 'e Fandalen, de [[Asdingen]] (of ''Hasdingen'') en de [[Silingen]]]. Dy beide stammen holden net altyd yn it selde gebiet ta en waarden ek net altyd regearre troch deselde kening, dat it liket wierskynlik dat der dialektyske ferskillen tusken harren foarkamen. Fierders is der mar in hiel lyts bytsje oer it Fandaalsk bekend, mei't it allinne mar oerlevere is yn in stikmannich nammen en twa frazen.
 
Ien fan dy frazen is ''Frója armés!'', dat "Hear, wês genedich!" betsjut. De oare binne de twa parten ''eils'' en ''scapiamatziaiadrincan'', dy't foarkomme yn it [[Latyn]]ske twarigelich fers ''de conviviis barbaris'', út likernôch [[390]]. Yn losse wurden soenen de parten útskreaun wurde moatte as: ''Eils!'' en ''Scapiam matzia ia drincan'', dy "Heil!" en "Lit ús iten en drinken helje" betsjutte. Ferlykje dat mei korrespondearjend [[Goatysk]] ''Hails!" en "Skapjam matjan jah drigkan''.