Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 37:
 
It duorre oant desimber foar dat ûnder de Transfalers te sprekken wie fan ferset. De boeren sêgen de anneksaasje as in died fan agresje en protestearren. By Paardekraal, it hjoeddeiske Krugersdorp, fûn in grutte saamtrek (Afrikaansk foar gearkomste) plak wêr’t in trijemanskip oansteld waard, beasteande út S.J.P. Kruger, P.J. Joubert en M.W. Pretorius. Op 16 desimber 1880 waard de ûnôfhinklikens fan de republyk op ‘e nij útrôpen, mei as gefolch it útbrekken fan de Earste Boerekriich. Der ûntstienen opskuorren en op 27 febrewaris 1881 waarden de Britten by Majuba mei oertsjûging ferslein. Yn augustus folge de Konvinsje fan Pretoria wêrby de Britten op ‘e nij de ûnôfhinklikheid fan de Republyk erkend, wol ûnder Britsk bewâld. De republyk krige har folsleine ûnôfhinklikheid wer werom yn 1884 mei de Konvinsje fan Londen, mar net foar lang. De Goudkoarts brocht in tafloed fan gjin-Boere Europeeske kolonisten (dy’t de namme uitlanders krigen fan de Boeren), wêrtroch de republyk ynstabyl rekke.
 
Al wie der stipe fan bûten út. Yn Nederlân en Dútslân soarge de nije ûnôfhinklikheid fan de republyk en de moed wêrmei de Boeren tsjin de supermacht fan dy tiid striden in weach fan belangstelling opkommen. Der ûntstie sels in lytse stream emigraasje nei de Súd-Afrikaanske Republyk. Alhoewol’t de oantallen net grut wienen, wienen de nijkommers fan grut belang foar de Transfaal, omdat hja mei administrative kennis oankamen wêr’t yn de republyk grut ferlet fan wie.
 
Ek it âlde idee fan de spoarline nei de Portegeeske kust waard wer opbrocht, ek hjiryn spilen de Nederlanners in wichtige rolle. Tige dreech kaam de Nederlandsch-Zuid-Afrikaansche Spoorwegmaatschappij (NZASM) ta stân, dy’t op lige drege wize begûn oan de bou fan de spoarline. De omstannichheden fan de spoarwei-arbeiders wienen min, mar de NZASM wie in dúdlike fertoaning fan Nederlânsk belang by it Súd-Afrikaanske barren. In soad Nederlanners dy’t yn dy tiid nei Afrika lutsen kamen by dizze maatskippij oan it wurk, wêrûnder ek Cor van Gogh, it broerke fan skilder Vincent van Gogh.
 
Yn Transfaal wie wis net eltsenien sa bliid mei de grutte ynfloed út it fiere Nederlân, mar presidint Kruger koe him gjin bettere stipe winskje. Mei de stok fan de treinferbining efter de doar koe hy de Britten ta betteren hannelfoarwaarden en tariven twinge.
 
 
It Britske bestjoer yn Kaapstêd, ûnder Cecil Rhodes en Alfred Milner, dy’t plannen hienen foar in Britsk ryk fan Kaapstêd oant Kairo, stipe yn 1896 in steatsgreep fan de Uitlanders tsjin de Súd-Afrikaanske Republyk. Dizze Jameson Raid mislearre lykwols. De Ingelske gûverneur Milner brûkte it uitlanderswierricheid as in middel om Kruger ûnder druk te setten troch de Uitlanders, dy’t foar it meastepart Ingelsktalich wienen, stimrjocht te easken by de ûnderhannelings yn Bloemfontein.